Wolkom!
Wolkom op de webside fan de Stifting Utjouwerij Frysk Toaniel, koartsein StUFT.
Op ús webside fynst in grutte Katalogus mei stikken yn it Frysk en de streektalen, yn alle sjenres en foar lytse en grutte
selskippen. Hjir kinst sykje op bygelyks namme fan in stik, namme fan in skriuwer, tal spilers en sjenre. Foar elk selskip hawwe wy wol in moai stik yn ús katalogus. Kinst it net fine? Dan kinst om advys freegje. Sjoch by Kontakt foar mear ynformaasje en it formulier dêr’tst fragen stelle kinst.
Ek beheare wy in grut tal Manuskripten dy’t yn te sjen binne by it Loket by Keunstwurk. Dit binne stikken dy’t net troch StUFT útjûn binne, mar dêr’t wy in eksimplaar fan yn ús argyf hawwe.
Hast sels in stik skreaun of oersetten en wolst witte hoe’st it by ús útjaan kinst? Wy hawwe in protokol opsteld mei ynformaasje en betingsten dêr’t in stik oan foldwaan moat. Noch fragen? Nim dan kontakt mei ús op fia mail.
It seizoen is wer begûn en dat merke wy!
It is smoardrok op ús steunpunt en it kin dêrom even duorje foardat der in reaksje komt.
Gjin noed, wy maile sa gau mooglik werom!
Bestellingen foar boekjes wurde telefoanysk NET oannommen
(om flaters yn nammen en adressen foar te kommen).
Dit kin fia de website of de mail.
Fansels kin men mei fragen altyd telefoanysk by ús terjochte!
Wolle jimme in stik digitaal om sels te printen foar de spilers? Dat kin!
Dan stjoere wy in link dêr’t it stik (in beheinde tiid) fan te downloaden is.
Foar it ein fan it jier binne alle stikken yn ús katalogus ek daliks online te keapjen en te downloaden.










