De fysisy
Dokter Mathilde van Zahnd is, troch har rike foarâlden, yn steat partikulier in ynrjochting te driuwen foar rike, yntelliginte geastessiken. Dêr binne trije fysisy by. Fan harren docht de iene him foar as Newton, de oare as Einstein, wylst de tredde úthâldt, dat kening Salomo oan him ferskynt. Neidat alle trije in ferpleechster fermoarde hawwe, wurde der sterke, manlike krêften ynset, komme der traljes foar de finsters en wurde de doarren skoattele.
Alles tsjut der op, dat de skriuwer de konsekwinsjes sjen litte wol fan in wittenskiplike ûntjouwing, dy ’t de minske boppe de holle groeie kin en yn prinsipe de mooglikheid yn him hat, fan it folsleine ferneatigjen fan it minskdom.