Band op ‘e loop

In band dy t trochbrekt rint tsjin de leuke en de skaadkanten fan it sukses oan

Twa hittepetitten om ‘e hite kofje

Merel wennet yn in djoer filladoarp en kriget op in moarntiid in, net oankundige, besite fan in nije buorfrou, Moniek. Merel hat gjin nocht oan Moniek har stribjen nei freonskip. Mar Moniek hâldt oan as storein en lit har net ôfskepe. Yn seis opinoar folgjende sênes sjogge we hoe’t him tusken twa, hiel ferskillende, froulju in bysundere bân ûntwikkelt.

In dei út it libben fan in deade mosk

Guus en Riekje ha in famke fan 11 jier dat swier gehandikapt is en oan tafallen hat. Se is harren iennichste bern. Se ha in goed houlik ûndanks de problemen mei it famke. Riekje tinkt dat de tastân fan de lytse Wiesje har skuld is om ’t se earder nochal wyld libbe hat. Toch wit Riekje better mei har fertriet om te gean as Guus. Stadichoan wurdt Guus in senuwpasjint, as leraar in ûnmooglik mins dy’t syn learlingen as natuerlike fijannen beskôget. Syn galgehumor is in wapen tsjin de machteleazens. Syn mem hat him as bern tefolle bepopke, sadwaande is hy in tige kwetsber minske wurden dy’t op ’t lêst de krêft net mear opbringe kin om jûk te sjouwen en smyt it fan him ôf. Nei in mislukte poging om syn bern te deadzjen lit hy syn gesin yn ‘e steek…

Hillige gloede

Op yntegere en minsklike wize is yn dit stik it probleem eutanasy behannele; it pynleas deadzjen fan ûngenêslik siken.
In mem jout har sike soan in te grutte doasis fan in sliepmiddel. De frou fan de pasjint is fereale wurden op syn broer, dy t mei ferlof yn it lân kommen is. Dizze leafde hat gefolgen hân. De ferpleechster is fereale op har pasjint en as de dokter foar syn ferstjerren in ûnskuldige deadsoarsaak opjout, wol sy dat justysje tuskenbeiden komt om de de deadsoarsaak offisjeel fêst te stellen. Dit makket de sfear, dy’t nei de dea yn ‘e hus hearsket, tige benearjend. Njonken de mem en de dokter spilet ek de buorman, in âld plysje-autoriteit, hjirby in rol. Nei de beskuldiging fan de ferpleechster dat der in moard begien is komme we min of mear yn de sfear fan in skriller. De selsmoard-teorie blykt ûnhâldber. De ferpleechster fynt yn it feit dat de frou fan de ferstoarne yn ferwachting is in motyf om har fan moard te beskuldigjen. Fan de man kin it bern, fanwege syn ynvaliditeit, ommers net wêze.
Dan docht de mem de bekentenis fan har yngripen yn de natuerlike rin fan it libben. Sy fiert as argumint foar har died it lijen fan de slim sike soan mar ek fan syn jonge frou oan. Sy moat neist him libje sûnder dat har natuerlike libbensfunksjes in kâns krije. De ferpleechster kin har leafde foar de pasjint net mear ferbergje en set dizze yn tsjin de leafde fan de mem, dy’t se feroardielet. Lykwols jout se it lang om let op.

Uthof, al 25 jier ús Ut en Thus

Dit is in bjusterbaarlik toaniel- en muzykstik ta eare fan it 25-jierrich bestean fan it doarpshûs yn Sigerswâld.

Fries yn boarger

Dizze ienakter is skreaun foar yntroduksjebyienkomsten mei nije ynwenners fan Fryske gemeenten en kursussen Frysk.