De trui fan de kening
De kening breidet himsels in trui, mar alle nachten helje ûnbekenden it wurk fan de foarige deis wer út. Prins Alez en Piter, de soan fan de túnman, hâlde stikem nachts de wacht, en ûndekke, dat trije mûzen de dieders binne. As hja yn’e mûzehoalle geane, hearre se, dat de mûzekening siik wurden is troch it fergif, dat Piter syn heit op’e griente spuitet. It útheljen fan it breidzjen is in protestaksje tsjin dit spuitsjen. De jonges sizze ta, dat hja alle war dwaan sille derfoar te soargjen, dat it fergifspuitsjen ophâldt. Hja helje stikem de fleskes fergif út it fergifkastke, mar as se it spul dan yn’e sleat smite wolle, komme de kikkerts yn opstân om’t it harren dea betsjutte soe. Bedobjen meitsje de mollen beswier tsjin en de fûgels beswarre de jonges it guod net te ferbarnen, om’t de loft dan fergiftige wurdt. Gelokkich wit dokter Dik rie mei’t spul, wylst er tagelyk de túnman útleit, dat sûnder spuitsjen de natuerlike fijannen fan it ûngedierte derfoar soargje sille, dat net al syn griente opfretten wurdt. Gefolch: alles en elkenien bliid, de kening kin syn trui ôfbreidzje en de iisbaandisko, dêr’t it truibreidzjen om begûn wie, kin trochgean.