John Gabriel Borkman

Bankdirekteur Borkman, dreaun troch jildsoargen en heechmoed, begie earder in finansjeel misdriuw en moast hjir 8 jier foar sitte. Soan Erhart wurdt grutbrocht troch de twillingsuster fan de frou fan Borkman, Ella. Omdat sy jild hat kin sy der foar soargje dat de famylje yn it hûs wenjen bliuwe kin. As Borkman wer thús is wennet er 8 jier op de boppeferdjipping en komt de doar net út.
Hy tinkt noch altyd dat er syn slach slaan sil. Hy hat syn les dus noch net leard en offeret úteinlik syn hiele famylje op foar jild en macht.
Yn de foarm fan in famyljedrama levert Ibsen hjir ek skerpe sosjale krityk.

Wêrom net…dêrom net

Broer en suster wenje tegearre. De iene in rûchhouwer en feestbist, de oare in “watsje”. As Lotte heart dat se kanker hat, wol se noch ien kear mei har broer te stappen. It wurdt in nacht fol leafde, hoop, fenyn, trystens en haat. It slimme is, dat beide it fertriet net sjen litte, omdat se de oare der net mei lestich falle wol. Dochs komme se, troch mei elkoar te praten, in bytsje tichter by elkoar, al is it mar efkes. In swarte komeedzje wêryn fergonklikens fan’e mins sintraal stiet

De foksejacht

Volpone is de readhierrige rike skevel dy’t yn de tiid fan de Ynkwisysje yn Venetie wennet mei syn miswoeksen dochter Nana, syn kwea-aardige tsjinner Mosca en syn bysliep Catarina. Troch syn rykdom wit er altyd de mazen fan de wetten fan Steat en stêd te finen ta jaloerskens fan Voltore, Corvino en Corbaccio. As Volpone harren ien foar ien, fia Mosca witte lit dat syn lêste oere tichteby is en dat hy harren wol betinke wol yn syn testamint, binne dy trije gau beret om de bút binnen te heljen. Dan ûntwikkelt him in spul fan list en bedroch, habsucht en begearte en de ôfrin is, dat net ien dat kriget, dêr’t er op hope en rekkene hie..Foar Volpone en Nana wurdt it úteinlik in drama, foar Mosca en Catarina liket it better te betearen.

In mercedes mei trekhaak

Hâns en Anneke ha in jûnpraterij op tou set mei âld-freonen fan Hâns, te witten, Wolter (opkeaper) mei de frou en Jurjen, kantoarman en noch frijfeint. Wolter hat net trochleard mar is in betûft sakeman en rydt yn in grutte mercedes. Hy is net fij fan in skeane bak en is oars ek net sa fynbeslipe. Jurjen sit noch altyd by mem ûnder ‘e plak, sy wol him net kwyt.
Op in stuit docht Hâns it útstel nochris as fan âlds sûnder de froulju te kampearjen. Dit slacht oan.
Yn Wolter syn mercedes sette se in wykmannich letter ôf nei de Snitsermar, dêr ’t se nei in soad tûkelteammen te stoel en te bank komme. As se eefkes sitte te bekommen, strike der in pear ferpleechsters by harren del dy ’t it paad bjuster binne. De maten besykje dy froulju wat op ‘e lije side te kommen, mar dizzen ha op ‘e tiid yn ’t snotsje dat se mei fjoer boartsje en spylje fan ruten. As de manlju harren deljûn ha, begjint op ûnferklearbere wize de auto te riden en rekket de tinte. Sy reitsje mei allerhande mankeminten nei ’t sikenhûs dêr ’t deselde ferpleechsters harren fersoargje moatte.
Brike sitewaasjes, mar Jurjen hâldt der in frou oan oer…….

Hoantsje Pik

Gretske, de dochter fan de Koalebranders is in earsten pronkepau. Dat har heit en mem stoef arbeidzje moatte om sinten foar har nije klean op ’t kleed te bringen, docht har neat. As sy mar foar de spegel omdraaie kin; dat is har iennichst geniet. De warskôgings dat “Hoantsje Pik”, it mantsje efter ‘e spegel, sokke pronkers in kear pakt, slacht se yn ‘e wyn.
Soks bart fansels al in kear en yn it ryk fan dit meunster moat se omstean leare.
Gelokkich dat der noch in pear bysfeinten binne dy ’t har te hulp komme. Hoantsje Pik is in mearke, dêr ’t âld en jong wat fan leare kinne en elk sil der tagelyk ek noch in soad wille oan belibje.