De finale

Rinus Palstra is ferstoarn en lit syn testamint op in moderne wize oan syn bern witte: op in vidobân. It earste part jout al wat kribbekeurichheden, om’t syn freondinne fan de lêste jierren yn it hûs wenjen bliuwe mei, sadat dat net ferkocht wurde kin. It twadde part is noch slimmer, want fan de twa ton dy’t er neilit moat de helte nei in goed doel, as dêr in grutte televyzje-aksje foar hâlden wurde sil. As de bern útfine kinne hoksoarte fan goed doel it is, kinne sy de oare helte opstrike, oars giet dy ek nei dat goede doel. Panyk yn de tinte, want se hawwe ferlet fan it jild om’t se yn’e niten sitte, of se gunne in oar neat. Sep, dy’t it slimste om sinten stiket, hat heit syn boekhâlding yn’e kompjûter brocht en sa de goede doelen dy’t heit it measte stipe, oan it ljocht brocht. By it oerlis oer de te meitsjen kar komt der spul en Niels, de âldste broer, wol neat mear mei it bepalen fan de kar te meitsjen hawwe, hy sil him as it der op oankomt wol by de mearderheid oanslute.
Mar Sep, dy’t syn útdraai folget, is foar de tredde wrâld. Titia foar de dierebeskerming en skoansuster Petra hâldt it op de Fryske saak. Gjin mearderheid dus. Niels moat útkomst bringe en docht dat ien minút foar’t de notaris de lêste helte fan de bân ôfdraaie sil, troch mei in blyndoek foar ien fan de trije doelen te pjokken. It wurdt de dierebeskerming, mar dan fertelt heit fan de byldbuis ôf dat hy it jild foar de tredde wrâld bestimd hat.
Sep is te lider slein. Niels laket him slop en Titia ropt: “Wy komme op’e televyzje”.