Moarn komt der wer in dei

Sjef fan it argyf, de Graaf, moat ‘ôffloeie’; 22 jier hat er syn bêste krêften jûn oan it bedriuw. No’t er it hiele argyf reorganissearre hat, is er sels oerstallich wurden… Sa’t de direkteur him witte lit, is der in nije kompjûter kocht dy’t it wurk fan 25 minsken dwaan kin. De Graaf besiket it thús earst stil te hâlden – syn frou is moarn jierdei – mar dat slagget net, fral net om’t soan Bonne poerrazend wurdt oer it ûnrjocht dat syn heit oandien is. Hysels ferwrot him trouwens net, hy is muzikant en lieder fan in bandsje.
En sa moetet er op in feestje de dochter fan de direkteur en nei in soad hottefyljen – Stephanie is ommers ferloofd – sette dy beide dochs tegearre ôf. En as se d’ oare moarns yn in hotelkeamer wekker wurde, ha se daliks wer it groat gear. As Stephanie har heit fan har eskapades heart is ’t hûs te lyts, mar as er trochkrijt ‘dat se har eigen sin dwaan wol en sa net, dan rydt se it wetter yn…”
Dan is de grutte direkteur samar lyts man en komt (hast) alles op syn poatsjes telâne. Dit alderaardichste stik oer ynterminslike ferhâldingen – werkenber foar in protte taskôgers? – sil boarch stean foar in noflike jûn.

NB Tryater hat it stik spile ûnder de titel: ‘In nacht wie genôch’.