Pjotr
Pjotr wennet mei syn heit Sergeï yn in earmoedich klintsje yn in lyts Russysk doarpke. Op in dei, as Sergeï oan it wurk is, wurdt Pjotr yn ‘e hûs oerfallen troch in marsekreamer. Pjotr rekket yn gefjocht en op it hichtepunt komt Sergeï thús. Hy slacht sa bot op de marsekreamer yn dat er dea rekket. Sergeï beslút himsels oan te jaan by de plysje en wurdt fuortdaliks oppakt en letter nei in wurkkamp yn Sibearië stjoerd.
Pjotr is fêst fan plan om syn heit te finen en reizget rinnendewei fan West- nei East-Ruslân. Underweis treft Pjotr allerhande minsken dy’t him bytsje by bytsje fertelle kinnen wêr’t syn heit bedarre is. Uteinlik, nei in lange, gefaarlike reis fynt Pjotr Sergeï werom.