Myn soannen
De fabrikant Joe Keller, in man dy ’t it skoan dwaan kin en ien fan de “pylders fan de maatskippij” is wurdt achterfolge troch syn ferline en úteinlik ta de ûndergong dreaun. Dreaun troch ynklauwerigens hat er yn de oarloch gammele fleantúchmotoren levere oan it leger. Dêrtroch hat er de dea fan ferskeidene piloaten op syn gewisse. Yn in proses skoot er de skuld yn ‘e skuon fan in sakefreon. Kellers posysje en oansjen liket ûnskansearre, mar syn wrâld stoart noch yn as er derachter komt dat syn soan net yn ‘e oarloch sneuvele is. Oan dizze “heldedie” ûntliende de heit in part fan syn gloarje. De soan is lykwols yn de oarloch al achter de tsjustere praktiken fan syn heit kommen en hat út skamte him tekoart dien. Ek syn soan Chris ferliest syn heit op it stuit dat er beslút it âldershûs achter te litten.
Joe Keller sjocht yn dat er allinne dreaun waard troch habsucht en in falske leafde tsjinoer syn bern. Brutsen benimt er himsels it libben. KOMMINTAAR:
Al is dit stik net sa ferneamd as “Dood van een handelsreiziger” of “Sjoen op in distânsje” (sjoch beskriuwing dêr), ek “Myn soannen” is in yndrukwekkend stik. It is maatskippijkritysk fan aard en skreaun yn de styl fan it realisme. Foar amateurs dy ’t ris in earnstich stik spylje wolle is it seker spylber.
HB