De nije wente

Otto Haverkot keapet yn syn bertedoarp in tsjerke mei pleats en arbeiderswente en pastorij. Hy sil dêr mei syn frou Marre (ofsier fan justysje) en dochter Marije (puber) wenje.
Boer Vellinga mei frou en dochter Hanne wolle net fan ‘e pleats. Yn de arbeiderswente wennet Akke Dykstra, sjoernaliste en (eks) freondinne fan Marre.
Der binne yn it ferline dingen bard dy ’t soarge ha dat de freonskip hate waard.
Boppedat hat Otto net altyd like korrekt hannele. It dossier komt op ‘e tafel fan Marre.
Troch ien en oar en troch Hanne mei har bolle giet de hiele ferhuzerij net troch.
Der binne ek noch Joukje fan it “ien-frous” skjinmakbedriuw en organist Manus en fansels de broer fan Marre, Eeuwe dy ’t op skobberdebonk libbet fan ’t jild fan Otto. Hy wist fan syn minne praktiken.