Tramwein Begearte
Begjin jierren fyftich yn it suden fan de Feriene Steaten. Blanche Dubois is de dochter fan in ferearmoede famylje fan plantaazjebesitters. As har famylje útstoarn is en der neat oars oerbliuwt as skulden, giet hja nei har suster Stella yn de grutte stêd. Dy is ûnder har stân troud mei in arbeider fan Poalske komôf. By it begjin fan it stik komt Blanche oan yn de drokke, benearjende folkswyk yn New Orleans.
Tusken de o sa teare, dameseftige Blanche en de man fan har suster, Stanley Kowalski, bûtert it fan it begjin ôf oan net. Hy is in rûge bast mei in geve pit. Hja is krekt oarsom: ûnder har smetleas uterlik (en namme!) ûntdekt Stanley al ridlik gau dat it net doocht. Blanche wurdt net allinne opfretten troch de senuwen en is swier oan’e drank, hja is ek twongen weigien út har berteplak nei’t men der efter kaam dat hja as learares in net tastiene affêre hân hat mei in jonge. Under har degelike opfieding en har hege ferwachtings fan it libben, skûlet in wanhopich langstme nei leafde, erkenning en erotyk. In mislearre houlik mei in te betiid stoarne, homosexuele jonge dy’t hja oanbidde, is ien fan de oarsaken fan har teloarstelling en wanhoop yn it libben.
Yn de kleurrike, mar machteleaze werklikheid fan Stanley en syn freonen besiket Blanche lykwols noch in romantyske ferhâlding oan te gean mei Mitch, ien fan de freonen, dy’t tige ûnder de yndruk is fan har ferskining. Stanley fielt him lykwols hieltyd mear faksearre en delhelle troch de kueren en manierkes fan Blanche. Nei’t hy har ferline te witten kommen is, docht hy in boekje iepen by syn freon Mitch. Dy fielt him troch Blanche beskiten en stjoert har fuort.
Blanche rekket no alhiel fan ‘e roai. Hja kin net langer by Stella en Stanley ynwenje, mar hja hat nimmen om nei ta te gean. Uteinlik wurdt hja troch in dokter ophelle, dy’t har nei in ynrjochting oerbringe sil.
KOMMINTAAR:
Ien fan de klassikers út de toanielliteratuer fan de 20ste ieu. It stik is ferskillende kearen ferfilme en ek yn Nederlân regelmjittich spile. It is in fel-realistysk drama, dêr’t it konflikt tusken de dreamwrâld fan Blanche en de rauwe werklikheid fan Stanley sintraal yn stiet. Beide figueren binne lykwols mei sawol negative as sympathike karaktertrekken útrist. Hjirtroch, en troch de macht dy’t it ferline noch hieltyd op Blanche útoefenet, hat it stik in ûnûntkomber ferrin en soene jo it mei rjocht en reden in moderne trageedzje neame kinne.
Foar amateurs dy’t it ûnderste út de kanne helje wolle, is dit stik sûnder mis in útdaging.
HB