In minske sûnder wryt of slyt

Yn dit stik brûkt Brecht de easterse fertelwize om yn parabelfoarm krityk op’e maatskippij te jaan. De Sineeske provinsje Sezuan wie doedestiids frij korrupt en westers oriïntearre.
Trije goaden komme op ierde om út te sykjen oft de wrâld sa bliuwe kin, of dat der wat feroare wurde moat, en of de minsken wol goed binne. Se sykje ûnderdak yn Sezuan. De prostituee Shen Te wol de goaden wol herbergje omdat se har goed betelje. De goaden binne oertsjûge, sy is in goed minske. Fan it jild dat se kriget kin se in tabakswinkel keapje. Se wurdt fan alle kanten lestich fallen troch parasiten en waarmmielrinders dy’t fan har profitearje wolle. Sels de wurkleaze Sun, dy’t se rêden hat doe’t hy himsels ophingje woe en dy’t se leaf hat, is it om it jild te dwaan. Om de holle boppe wetter te hâlden praat se fan har sabeare neef Shui Ta, dy’t in hiel sterke keardel is. Sy ferskynt sa no en dan ek as Shui Ta; yn dizze gedaante hat se folle mear macht. It boadskip fan dit stik wurdt hjirmei dúdlik: as goed minske kinne je net oerlibje op dizze wrâld. Sa hat Shen Te ek de kant fan Shui Ta nedich yn har persoanlikheid. Shui Ta wurdt úteinlik oppakt want hy wurdt fertocht fan moard op Shen Te. De goaden sille him berjochtsje. Se binne fertwifele as se Shen Te’s ferhaal hearre: it lot fan in goed minske is net bêst en dat wolle se net op harren gewisse hawwe. Se beslute dat de wrâld sa korrupt bliuwe moat as er is, dan rêde de minsken har it beste. Se litte Shen Te yn wanhope achter.