Fanfare

De twa pleatslike kroechbazen kinne it net sa goed mei-inoar fine en dêrtroch falt it pleatslike muzykkorps útinoar yn twa helten. Hokker ploech hat rjocht op it findel en de ynstruminten en wa fertsjinwurdiget Lagerwiede op it grutte konkoers? De boargemaster mingt him yn de striid en ek de dirigint spilet net swak by. En dan is der fansels noch in leafdesferhâlding tusken in kastleinsdochter en in plysjeman….Ek foar it wetter is der in grutte rol weilein. Spanning, muzyk, moaie plaatsjes en in protte wille.