Sjampanje, Klompen en Nana!

It stik spilet him ôf yn ‘e hal fan hotel ‘ De Wide Blik’ wat 20jier bestiet en krekt oernommen is troch in nije eigner. Under de gasten is in sekere Vincent Jaspers, in behoarlik gestoarde jongeman. Joost, de resepsjonist, tinkr dat hy de soan fan de nije eigner is en op advys fan de hotelmanager wurdt Vincent op syn winken betsjinne. Vincent fynt it mar in deade boel yn it hotel en jout oarder om in ‘bonte avond’ te organisearjen. De wurkster, Jo Jolink, eksdûnseres fan de Folies-Bergère en eks- merkefrou, nimt de organisaasje op har.