Mei mes en foarke

In fleantúchje hat in needlanding makke yn in ûnbewenne gebiet. Behalve de piloat binne der in dokter, in jonge frou, in gitarist en in WAO-er oan board. Om ’t hja al dagen lang gjin iten hân hawwe en help op him wachtsje lit, stelt de dokter út, dat elk de linkerearm troch him ôfsette litte sil. Dy earm moat dan sa ’n dei as tsien foar iten soargje. Dit barren wurdt (ferbaal) yn de twadde sêne, mei de emoasjes, op it toaniel set.
Yn de tredde sêne spylje allinne de dokter en in âld mantsje mei slimme swolderij oan ‘e earm, dy’t mar net opknappe wol. Oan de taskôgers dan te begripen dat de âld man syn earm ôfset wurde moat.
Wat rol spilet de dokter….?