It skipke

It ferhaal spilet him ôf yn in lyts doarpke earne yn Fryslân. It is in tige rêstich doarpke oan’t der in skipke oanleit mei in heit, in mem en in jonkje. Dit jonkje, Mindert, wol nei de legere skoalle yn ’t doarpke.
Mar soks jout nochal wat opskuor. It docht bliken dat yn it doarp nochal wat foaroardielen binne.
Dan blykt ek dat minsken ynienen hiel oars reagearje sadree eat harren sels rekket. Mar lokkich binne der ek minsken dy’t troch dizze foaroardielen hinne stekke.
In ferhaal fan diskriminaasje, pesteraasjes mar ek fan freonskip, dus miskien dat alles op it ein dochs noch goed komt.