De reisliedster

Martin is in oerspande learaer op fakânsje yn Grikenlân. Tusken antike bylden en resten fan de âldheid hopet hy ta himsels te kommen. Yn it stadion fan Olympia moetet hy Kristine, in jonge reisliedster. Wat in fakânsjeleafde wêze kind hie, wurdt in leafdesskiednis, mar dan wol ien dy’t útrint op in gefjocht op libben en dea. Martin hat it gefoel dat er gjin fet kriget op de jonge Kristine. Har wrâld is rûn, alles glydt by har lâns (se glydt ek oeral by del). Kristine hat ek noch wat mei Vassili, in ‘archeoloog’. Hy hat in holle as in hielal, fantastyks, seit se. Vassili hat tefolle dronken, tefolle dreamd, tefolle frijd. Kristine moat foar him soargje. Fynt se. Mar Vassili krepearret. Dy fassinaasje fan Kristine foar Vassili makket Martin bang – it griist him oan. Hy wol dúdlikens, hy wol ridlik bliuwe.
Wannear’t Vassili stoarn is, tinke beide dat neat harren mear yn’e wei stiet om harren oan inoar te jaan. Se geane tegearre nei in ienfâldich hutsje yn’e bergen. Under de gleone sinne komme se lykwols net neier byinoar, mar reitsje se krekt hieltyd fierder fan inoar ôf te stean. It liket wol dat de geast fan Vassili krekt yn dizze primitive omstannichheden wer oplibbet….
KOMMINTAAR:
Yn de nuveraardige figuer fan Vassili kenne we wat werom fan de god út de Aldheid, Dionnysos (of Bacchus), de god fan de wyn en de rûs, fan it fergean en wer ûntstean yn ‘e natoer. Martins ridlikheid ferset him tsjin dizze tsjustere macht, mar oan’e oare kant fielt er him ek oanlutsen troch de draaikolk fan Kristines wrâld. Hy beslút om de maatskiplike oarder, dy’t him benaude, de rêch ta te kearen en te kiezen foar de leafde. Mar dit sels keazen isolemint jout him likemin tagong ta de ‘folheid’ fan it libben.
En Kristine? Kristine is op siik nei hâldfêst. De oanstriid fan har ‘leraerke’, om har hieltyd te ferbetterjen, stiet úteinlik heaks op har langstme nei selsstannichheid. Yn dy inerlike tsjinstridichheid yn beide figueren slacht de waansin ta.
‘De Reisliedster’ fan Botho Strauss is in tige yntrigerend stik. It is yn Fryslân ien kear spyle, yn’e rezjy fan Titia Huisman in 1992. Botho Strauss heart hoeddendei ta de wichtigste toanielskriuwers yn Dútslan.

HB