Woyzeck
Soldaat Woyzeck skeart syn kaptein, dy’t him ferwyt dat hy in bûtenechtlik bern hat. Woyzeck, dy’t faak stimmen mient te hearren, hat lykwols gjin jild om te trouwen. Hy fertsjinnet wat jild by as ûndersyksobjekt foar de lokale dokter. Syn leafste, Maria, de mem fan it bern, bedraacht him mei in ymponearjende tamboer-majoar. Op in grouwe wize feroarsaket de kaptein it erchtinken by Woyzeck oer de trou fan syn leafste. Yn ‘e kroeg sjocht hy har mei de tamboer-majoar dûnsjen. De helpleaze Woyzeck rekket der folslein fan yn’e war. Yn in gefjocht slacht de tamboer-majoar him tsjin ‘e grûn. No slaan by him alle stoppen troch. Hy keapet in mes, jout syn meagere besittings oan syn kammeraat Andrys en by in fiver stekt hy de noch hieltyd hertstochtlik beminde Marie dea en tôget har lichem yn de fiver. Noch ien kear giet hy werom nei it rûzige libben fan ‘e kroech, om him dêrnei yn ‘e selde fiver te ferdrinken.
KOMMINTAAR:
Woyzeck wie eins noch net hielendal ôf doe’t de bysûnder bejeftige skriuwer, dokter-ûndersiker en revolúsjonêr Büchner op 23-jierrige leeftiid ferstoar. De sfear yn dy tiid wie benearjend. De reaksjonêre rezjyms fan fóár de Frânske Revolúsje wiene wer ynoarder. Tsjin dy eftergrûn skreau Büchner in op in wiere anekdoate basearre stik, dat no bestiet út 27 fragminten. Earst in tsiental jierren letter ûntdiek men de bysûndere kwaliteiten fan de skriuwer, dy’t fuortdaliks as in foarrinner fan it ekspresjonisme sjoen waard. Letter is der fan it stik in opera makke en it is ek ferfilme. Nettsjinsteande it fragmintaryske karakter jout in skerp tekene byld fan de wrakseling fan in simpel minske oan de ûnderkant fan de maatskippij. De oersetting fan Wadman ferskynde yn 1987, mei in koarte ynlieding, yn it tiidskrift Trotwaer.
HB