Amphitryon (of: Godlik Fertier)
Mercurius, de godlike boadskipper fan Jupiter, freget oan Nacht om noch wat langer te bliuwen sadat oppergod Jupiter syn gong gean kin.
Jupiter hat nammentlik in eachje falle litten op Alkmene, de frou fan de Thebaanske generaal Amphitryon. Yn it stal fan Amphitryon is hy op Alkmene tastapt en hat mei har de nacht trochbracht. Foar har wie dat de earste houliksnacht, om’t Amphitryon krekt foar dy tiid nei it slachtfjild moast. Mercurius hat op de selde wize Sosias, de feint fan Amphitryon, bedragen mei syn frou Cleanthis, it tsjinstfamke fan mefrou.
As Sosias foar syn hear midden yn’e nacht thús komt fynt er Mercurius as syn evenbyld op syn paad. De ferbjustere en (tige komyske) Sosias lit him syn identiteit hiel wat makliker ôfpakke as syn master: dy kin en wol net leauwe yn it ferhaal fan syn frou en fielt him troch har bedragen. Alkmene besiket te bewizen dat se him wol trou wie, mar Jupiter, op’e ny yn it stal fan Amphitryon, stjoert dat yn’e war en no is it Amphitryon sels, èn Sosias, dy’t foar de oaren (ek foar inoar) as de bedragers oer kommen.
Oan it ein iepenbearret Jupiter him dochs noch as de ‘wiere’ bedrager.
PS Spile troch Tryater yn 1991-1992.