De Opera

It ferhaal fan De Opera spilet him ôf yn Venetië, foar en yn in ta hotel omboude âlde skouboarch. Dêr wurde tariedings makke foar in yn it Turkske Smyrna te spyljen opera. De rike Turk Ali is op syk nei in selskip foar dy opera. Foardat er lykwols arrivearret, is alles al yn rep en roer. Sjongers en sjongeressen, ympressario’s en in tekstskriuwster rûke harren kâns en melde harren mei mar ien doel: it bemachtigjen fan in kontrakt foar dy opera. It artystefolk docht hiel wichtich, de iene achtet him noch better as de oare en se swetse wat ôf oer wat se wol net berikt hawwe. Mar dat is skyn, want se sitte allegearre sûnder wurk en hawwe neat op ’e melis.
As de Turk Ali ferskynt, begjint de striid pas echt en nimt de kompetysjedrang grutte foarmen oan. De artysten wolle allegearre in haadrol, mar lit dy Turk no gjin ferstân fan muzyk hawwe. Ien ding is wol wis: oer frouljusfleis blykt er al te beskikken en dêr liket er him troch liede te litten. Undertusken tsiere de artysten wat ôf. Se helje alles út ’e kast om mar yn ’e geunst fan de Turk te kommen. Al gau rekket de Turk folslein mei de situaasje oan. Hy blykt him net thús te fielen yn de artystewrâld en set yn ’t genyp wer ôf nei Turkije. De artysten bliuwe efter by it hotel, dêr’t de yndrukwekkende einsêne plakfynt.