Edelweiss

Toanielskriuwer Jan van Loon sit op kosten fan syn útjouwer yn Berghotel Edelweiss yn de Eastenrykske Alpen. Joost, in fûgelfreon en de frouljuskuierklup, ûnder lieding fan Els de Wit, binne ek yn it hotel oankommen.
De klusseman Leopold Hauptmann kriget in klap op ‘e holle en rekket út ‘e tiid. Op dat stuit ferskynt der in nije hotelgast; Robert Krems.
As dan de kabelbaan it net mear docht en de eigendommen fan de hotelgasten ferdwine, fynt de basinne Inge Müller it tiid wurden om aksje te ûndernimmen. It liket dat Robert Krems net sa gelokkich is mei dit inisjatyf.