Wyn

Op in jûn mei fierste folle wyn, rint alles krekt even oars as ferwachte. Gesellich? No nee.
Charles en Charlotte binne út elkoar groeid, Marja en Charlotte meie elkoar net lije en Charles
hat wol in heel bysûnder momint keazen foar in wynjûntsje dit jier. Boppedat is Ed dizze kear
net útnûge… In (skriller)komeedzje.

In grize komeedzje

Fjouwer akteurs op leeftiid komme alle wiken by inoar om te praten oer it fak, oer de fergonklikheid fan sukses en oer it âlder wurden. As ien fan harren beslút dat se leaver dea wol, komme de oaren op in wol hiel kreative manier yn aksje…
Bizarre wendingen, skerpe dialogen en in ferrassend ein. In komeedzje mei in earnstige ûndertoan en de fraach: moat men sukses oant de dea ta ôftwinge?

Famylje

Henk Jan hat him ferloofd mei Anika. Dat dielt hy mei oan syn famylje. De famylje wurdt der kjel fan, want it famke hat net sa’n goeie ynfloed op Henk Jan. De famylje besiket him der fan te oertsjûgjen dat hy brekke moat mei Anika. De famylje sjocht dat Anika him der fan wjerhâldt dy dingen te dwaan dy’t er echt wol, lykas piloat wurde. In stik oer doare te kiezen foar wat je echt wolle.

Hiemhûntsje

Se helje boadskippen en dogge de wosk. Se siede iten, meitsje it hûs skjin en betelje de rekkens. Twa suskes dy’t harren sels opfiede, want harren mem leit op bêd. Al alve moannen en njoggen dagen. Fan de dei ôf dat harren heit mei de auto tsjin ’e beam oan knalde. Boem. Ynienen wie er dea. Mem mist him sa bot dat se net fan ’t bêd komme kin. De suskes betinke healwize fiten om har fan ’t bêd te krijen. Mar wat se ek dogge, it slagget net. Oant der foar it earst sûnt in lang skoft immen op besite komt. In jonge dy’t baarnt fan nijsgjirrigens.

Sin, snoad en swierte

Alex is op jild út en hy hat foar syn baas Frank in kompjûterprogramma ûntwikkele. Omdat dizze ûnsympatike fint de opbringsten hjirfan foar himsels hâlde wol, besiket hy syn freondinne Rian foar syn karke te spannen. Mar omdat Rian de dochter is fan baas Frank, jout dat grutte problemen. Dêrom betinkt Alex in pear listen om syn doel te berikken. Lestich foar him is dat de keunstskilder Ivo, dy’t in portret makket fan Rian, smoar fereale wurdt op syn model. Komme noch by; Floor, de keapsike frou fan de hast fallite Frank, de ûnbetroubere help, de ynklauwerige Loes mei har geheim en Thea, dy simpele mar o sa tûke help yn de húshâlding fan Frank en Floor en it resept is klear om elkoar it libben behoarlik lestich te meitsjen. Fansels komt nei alle healwize ferwikkelingen alles op syn poatsjes telâne.

Fan jins famylje moatst it hawwe

Peter fan Engelen stiet op it punt lieder fan syn politike partij te wurden, in baan dy`t allinnich foarbehâlden is oan minsken mei in ûnbelekke hâlden en dragen. As syn skoanmem útfanhûzjen komt, syn freon Herbert tinkt dat hy in ferhâlding hat mei Mirjam en der op it lêst in soan út in eardere relaasje opdûkt, dy`t dêrnei syn frou en skoanheit meinimt, komme der dûkjes yn it ûnbelekke hâlden en dragen en moat Peter freze foar syn politike karriêre.

Trije is te folle

In famylje wachtet senuweftich om it kommen fan in oare stjonkend rike famylje. Dizze rike famylje hat in soan yn ‘e oanbieding om te trouwen en it liket dan ek in bêste partij faor de dochter. Alles wurdt út ‘e kast helle om de rike famylje yn styl te ûntfangen mar dan komt der in kink yn ‘e kabel. It haad fan de húshâlding mitert fan de trep en dêrtroch driget de soarchfâldich tarieden ûntfangst yn it wetter te fallen. Folslein harren rie tenein dogge se in berop op de monteur fan de ferwaarmingstsjettel, om harren húsfeint te ferfangen. Dat hienen se better net dwaan kinnen, want fan dat momint ôf rint echt alles yn’t hûndert.

Bloed, swit en triennen

It stik spilet him of yn ‘e húskeamer fan Pieter en Frieda Bohemius. Sy foarmje mei harren dochters Anja en Carolien en soan Lennard in gesin.
Pieter wurket as ZZP-er yn e bou. Troch de finansjele krisis sit hy al in skoft sûnder wurk. Alles wat hy mei bloed, swit en triennen opboud hat driget hy te ferliezen as der net gau in opdracht komt. Frieda is har tige bewust fan ‘e situaasje dêr’t se harren yn befine, dochs is sy in stik optimistysker oer de takomst as Pieter, eat der’t Pieter him nochal oan steurt.
Anja is de âldste dochter fan de famylje Bohemius. Sy is in selsstannige jonge frou dy’t de holle sûnder muoite boppe wetter wit te hâlden. Ymprovisaasjefermogen kin har net ûntsein wurde.
Lennard is in pierewaaier dy t him absolút gjin soargen makket. Net oer de finansjele situaasje thús, net oer syn eigen takomst en ek net oer de deistige gong fan saken.
Carolien is amper by steat om har soargen te meitsjen. Sy is dan wol net de snoadste fan de famylje, mar hat in gouden hert.
De skoanâlden fan Pieter wurkje him op ‘e senuwen. Hy kin foaral syn skoanmem net útstean. Sy en Pieter kinne mar min troch ien doar.
Dan is der de mem fan Pieter. Sy hat it hert op it puntsje fan ‘e tonge en jout har miening oer tal fan situaasjes dy ‘t barre. Bynammen de skoanmem fan Pieter moat it belije.
Dan is der ek noch it ynternetfreontsje fan Carolien dy’t nei de namme Droepi lústeret. Hy is like ûnbeskoft as dom. In kombinaasje wêrmei’t er ûnbedoeld komysk út ’e hoeke komme kin.
De auteur fan dit stik wol net op e saken foarút rinne. Wol kin sein wurde dat dit toanielstik soms oan it gemoed komt, mar it binne foaral de humoristyske situaasjes dy t elkoar yn heech tempo opfolgje. In hiel leuk stik foar sawol de spilers as it publyk.

Suze Nane

Jan Willem is jierde, hy wurdt 50. Jetske, syn frou, wol de buorlju graach te freon halde omdat hy net doocht. Se wachtsje op Gabe, hy hat in freondin en se binne allegear tige nijsgjirrich. Gabe is altyd frijgesel west, hy hat noch noait nei de froulju taald. Wa sil hy meinimme?

Wa wit hjir mear fan?

Johanna Feenstra, tante Jo, hat in pear jier ferlyn in bats jild wûn mei de steatslotterij. Se soe de rest fan har libben wol stilsitte kinne mar dat is neat foar tante Jo. Se hat de pleatslike legere skoalle opkocht en dêr apparteminten yn bouwe litten, dy’t se ferhiert. De bewenners ha wurk yn de buert en ite jûns by tante Jo. Har broer Klaas, dy t widner is, hat ek syn yntrek by har naam. It is in geselliche boel dêr, yn huize Wol nei ’t sin…
Sjorre besiket ek sfear te bringen. It ferskaat minsken jout fansels wol ris wat tûkelteammen mar troch de bank naam fynt alles syn wei wol. Mar at der ien fermist wurd…

Help, skoanmem komt útfanhûs

Unferwachts komt de skoanmem fan Eric in wike útfanhûs en se nimt har suste rek mei. In frou sûnder miening en net sa snugger. Dit jout net allinnich de noadiche spanning, mar ek noch ris de meast kranksinnige, humoristyske situaasjes. Hielendal as se konfrontearre wurdt mei in wiersister of better sein in oplichtster út it sigeunerkamp.
Yn it koart in toanielstik dat bol stiet fan de humor wêr’t de meast ûnferwachte situaasjes inoar yn rap tempo opfolgje.

In rook fan kamperfoelje

Jessie is âld en kin eins net mear op harsels wenje. It hûs dêr’t se yn wennet is âld, it dak lekt en wat al net mear. Har dochter Kate komt dan ek om har op te heljen, Jessie sil by har wenje. De koffer stiet klear en Kate moat noch in pear dinkjes ynpakke, dan kin ‘t wêze. Mar Jessie wol net! “Ik sit hjir goed”, siet se en “ik wol hjir net wei”.

Jessie hat fisioenen, se praat no en dan mei har ferstoarne mem. Kate sjocht har net, lit stean dat se mei har praat. By einbeslút giet Jessie net mei, as Kate efkes fuort is om te tanken stjert se yn ‘e stoel.

De Kanadeeske muorre

Jean-Pierre Lambert is troch syn rike heit, fuotballeafhawwer en bestjoerslid fan de klup Racing, fan lyts ôf oan in fuotbalkarriêre yn treaun. Om syn soan de ultime eare te ferskaffen om by Anderlecht te spyljen hat heit sels mei fikse bedragen tsjinstanners omkocht. By de, foar de transfer nei Anderlecht, beslissende wedstryd wie it J-P’s jeugdfreon Richard, dy’t yn it doel stean sil.
Om’t by dy gelegenheid J-P Richards knippel stikken skopt en fanwegen earder levere seksuele tsjinsten, sjantearret Richard heit Lambert, dy’t gek is op jonge ûnskuldige ‘pupillen’ en ‘kadetten’. By einbeslút wegert J-P it oanbeane kontrakt by Anderlecht en trout mei Sonja, dy’t it fuotbaljen hatet. Sûnt dy tiid stelt hy Sonja ferantwurdlik foar syn mislearring.

Dit stik fan it humoristyske skriuwersduo Lanoye en Brusselmans, wêr ‘t rom fan teater-effekten gebrûk makke wurdt, is troch de brede rezjy- en dekôroanwizingen ek oan te rieden as lêsdrama. It hoecht foar kenners fan it oeuvre fan de skriuwers: foar leafhawwers fan humor, satire en synisme.

In bryk tafol

Jo hawwe it as lytse ûndernimmer dreech yn dizze tiid. Mar Jaap Broekstra is de tiid wol treast en skuord him d’r aardich troch, mei stipe fan syn frou. Harren soan Tjerk hat hjir en dêr in baantsje en wennet noch by de âlde lju thús. Teunis Hessels, in freon fan Jaap, komt út en troch ris efkes by harren oer de flier, soks fanwege bestjoersfunksjes. It is ek goed, dat jo efkes witte dat Tytsje Tymstra in net troude suster is fan frou Broekstra. In eintsje fierder yn ‘e buorren wennet Douwe Sipkema fan it karrosserybedriuw, in poerbêste man, mar hy lit ‘m net foar ien gat fange. Sipkema syn húshâldster is net nijsgierrich, mar wol alles graach witte. As de gerdinen fan siden geane, leit de soan op ‘e bank te studearjen en op ’t selde stuit ryd Jaap Broekstra de wei del yn syn Ford Eskort 1600 en sjcoht in liftster stean…

Wêrom net…dêrom net

Broer en suster wenje tegearre. De iene in rûchhouwer en feestbist, de oare in “watsje”. As Lotte heart dat se kanker hat, wol se noch ien kear mei har broer te stappen. It wurdt in nacht fol leafde, hoop, fenyn, trystens en haat. It slimme is, dat beide it fertriet net sjen litte, omdat se de oare der net mei lestich falle wol. Dochs komme se, troch mei elkoar te praten, in bytsje tichter by elkoar, al is it mar efkes. In swarte komeedzje wêryn fergonklikens fan’e mins sintraal stiet

In panter út Birma

Dizze swarte komeedzje giet oer de driuwfearen fan trije folslein ferskillende steltsjes. Johan is gek op feiten, data en sifers. Sa hâldt er him oerein yn in maatskippij, dy’t him stadich ûntglipt. Hy is troud mei Els, dy’t kontrôle oer har libben hâldt troch har te ferdjipjen yn alternative saken. Se ha in reuny mei freonen; de rike “selfmademan” Laurens, dy’t altyd oeral de blits meitsje wol, mar dy’t geregeld syn frou fernedert. En dan is der Hugo, de opfokte sportfanaat. Troud mei Annet, dy’t der in obsjesje fan makket om har oertallige kilo’s kwyt te reitsjen. It wurdt in jûn om nea te ferjitten…

Veronika har keamer

In jong famke wurdt frege om foar koarte tiid de rol fan de stoarne Veronika te spyljen, om Veronika har suster, dy’t al jierren yn it ferline libbet, in tsjinst te bewiizen. Sa begjint, yn earsten in ûnskuldig spultsje, wat lykwols geandewei in nachtmerje wurdt mei persoans- en wurklikheitsferwikselingen.

Bitter Lemon

Dimitri Frenkel Frank seit oer ‘Bitter Lemon’ tsjin regisseurs en spilers: ” Leave freonen, alles wat goed dien wurdt is wol dien. Jim sille my net hearre as jim ‘Bitter Lemon’ spylje as in mâle klucht of as in serieuze ‘comédie-noire’- as jimme it mar goed dogge yn de styl dy’t jimme kieze. Mar freegje jim oan my hoe’t ik it sels it leafst sjen soe, dan soe ik sizze: wat der tuskenyn. Fierder ha ik ‘Bitter Lemon’ mei in soad heftige emoasjes laden. Polly is yn ‘e war, mar it is net in swak froutsje. Axel is sinysk mei in hert, hy is yntellektueel en flechtet yn taal, krekt as Polly. John is folle direkter en ienfâldiger, hy hat behoarlik wat ‘power’ en reagearret primityf mar earlik. It is wichtig om net samar te spyljen wat der stiet mar út te finen wat der bart…….. Komeedzje spylje is lang net maklik en ‘Bitter Lemon’ is net it maklikste soarte komeedzje. In soad sukses en foaral wille!’”

It jierdeifeest

Yn in âld pension soargje Pete en Meg as in heit en mem foar harren iennige gast, Stanley. Hy wennet hjir al wit hoe lang. Foaral Meg ferpopket de jongkeardel, dy’t dochs tige lilk tsjin har dwaan kin, mar dy’t oan de oare kant graach har oandacht wol. It is net rjocht dúdlik werom Stanley dêr ferbliuwt. Hy swetst oer in toernee as pianist, mar dy ferhalen krije fuort in eangstige draai. Meg wol graag syn jierdei fiere, mar der wol Stanley net folle fan witte.
As Pete seit dat der twa nije gasten komme is Stanley alhiel oeremis. De hearen like Stanley te kennen, mar Stanley wol fan neat witte. Tsjinoer Meg dogge se tige freonlik, mar as se mei Stanley allinnich binne skelle se him sa út mei de meast dwylsinniche beskuldigingen dat er as in wrak yn syn stoel efter bliuwt.
De hearen dogge ek mei mei ‘it jierdeifeest’, lyk as Meg en in buorfamke. Pete is hjir net by. Stanley krijt in buorterstrommeltsje en wurdt der ta twongen om ta te sjen hoe de hearen harren sawat fergripe oan de twa bliere froulju. Yn it tsjuster stoart Stanley him lykwols ek op de gastfrou, mar dat giet fansels te fier.
De oare moarn wurdt de brutsen Stanley troch de hearen ôffierd nei in soarte fan ynrjochting. Meg en Pete wolle dit net, mar hja fersette harren ek net.
‘Jierdeifeest’ is in absurd drama dat giet oer in jongeman dy’t eins it folwoeksen wurden net oan wol en leaver feilich by in heit en in mem fuort krûpe wol dy’t neat fan him easkje. Lykwols hat er wol fantasijen oer hoe warber hy is yn’e grutte minskenwrâld en tsjinoer de froulju. De twa geheimsinnige hearen ferbyldzje de bedriging dy’it op it ûnhâldbare libben fan Stanley ôf komt.

Ta nut fan’t algemien

Douwe Fertún hat al syn libben lang hurd wurke. No sil er ris dwaan wat er altyd al dwaan woe. Yn syn tún bout er in toer fan allerhande guod. Syn frou Janke fynt it mar ûnsin. Sa tinkt soan Albert der ek oer. As wethâlder skammet er him dea foar it gedrach fan syn heit. Allinich Geartsje, de frou fan Albert, en foaral Lys, de dochter fan Albert en Geartsje begripe pake wol.
It gemeentebestjoer beslút dat de toer ôfbrutsen wurde moat, oft Douwe wol of net. Mei in bulldoazer wurdt besocht it gefal om te triuwen. It slagget net. Mar dan slacht de algemiene stimming om yn it foardiel fan Douwe. It gemeentebestjoer makket no in held fan Douwe Fertún en fan de toer in toeristyske attraksje.
Spitigernôch komt de omslach foar Douwe te let. Hy is yn in rolstoel bedarre en kin net mear prate. Albert pronket no mei de fearren fan syn heit en Douwe syn frou Janke komt werom.
In bittere komeedzje.