Flatsoadsje

It stik spilet him ôf yn in appartemint, wêr’t Trudy op de planten passe sil foar de minsken dy’t fuort binne. It stik begjint as in romantyske komeedzje, mar slacht stadichoan om yn in spannende skriller. Trudy is in jonge aktrise sûnder wurk en sûnder freon, dy’t har oantreklike buorman Mark besiket te ferlieden. Hy is belizzingsadviseur, mar is er dat eins wol? Sûnder dat Trudy it yn’ e gaten hat, komt se yn in binde terjochte, wêr’t it fansels om jild draait. En wêr’t it gefaar hieltyd mear tichterby komt.