Nije buorlju

De nije buorlju fan in troud pear meitsje nochal wat leven. De man wit fuortdaliks: de nije buorlju doge net. De rede fan syn frou en ek it tragyske ferhaal fan de nije buorfrou feroarje him net.
Hy bliuwt ûnferdraachsum en fol foaroardielen: in planke foar de kop.

To, no do

Jarich Jansma giet yn ‘e Vut. Wat er no mei syn frije tiid dwaan sil, sjocht er noch net sa sitten.
Syn frou hat yn de tiid dat er yn it bûtlân wie, it hûs ynrjochtsje litten as in restaurant.
Bûten syn witen om. Alles is al regele en de boargemaster komt om it te iepenjen. To hat altyd klear stien foar har man en no komt har tiid (fynt se).
To hat saken dien mei de pleatslike griente- en blommeman. Ek mei de útbater fan Hotel fan Smelne, Maam, no hat dy hiele oare plannen. Hy spilet ûnder ien huodsje mei de griente- en blomkeman, sy sille To dwers sitte en oan’e oare kant moai waar spylje. Rêdt To it net en giet falliet, dan ha sy de hiele streek huzen foar de ferkeap oan in grutte supermerk.
Nei alderhande tûkelteammen blykt dat To de saken goed foar elkoar hat. De saak rint goed en Jarich sollisitearret foar kok yn “Oare Kost”.

De Bloody Mary

As kaptein Rein en syn stjoerman Brant har âlde frachtskip de “Bloody Mary”, ombouwe litten ha ta cruisskip, tinke se dat se op dy manier gau in soad jild fertsjinje kinne. De “Bloody Mary” sil in cruise meitsje lâns de moaiste plakjes fan de Middellânske See. Op it lêste momint, springt der in ferstekling oan board. As se dy pas op folle see ûntdekke en hearre wêrom ’t er op ‘e flecht is, beseffe se dat se gjin inkele havenstêd mear oandwaan kinne. Dan binne der de nedige swierrichheden mei de passazjiers. Hessel Feitsma, dy ’t stikem in plezierreiske mei syn sekretaresse, Elske Hietkamp, makket, komt der achter dat syn frou ek oan board is. Dan ha je it krekt troude stel, Doede Gjaltema en syn keken wyfke Geeske, dy ’t de breidssuite reservearre ha. Greta Stoet, in eksintrike keunstskilderes, hat in eachje op ‘e kaptein. As dan blykt dat it skip sa lek is as in traaljekoer, dan komt it wiere aard fan sommigen ynienen boppe wetter. Konsternaasje rûnom!

Koaibosk

De moderne wrâld liket fier fuort fan Koaibosk. mar as mem ferstjert, stoarte de twa ynwenjende soannen Homme en Simen har yn it libben. Se liene jild om it dak fan harren lyts hûs te fernijen en in Russyske frou te keapjen. De frou komt der en de manlju fleurje op. As ien fan beiden it mei har oanleit, krije de bruorren skeel.
Yn koarte sênes fol minsklike humor sketst Bouke Oldenhof it bysûndere ferhaal fan twa jonges dy ’t op harren behyplike wize út it libben helje wolle wat der yn sit.

Alde Groeden

De âlde mefrou Tonia van Appingen hat “fout”west yn ‘e jierren 1940-1945, en se fynt dat se mei dat N.S.B.-ferline al te lang en te swier straft is. Se hat har nichtsje (?) Suzan allinne grut bringe moatten en ek Suzan is beynfloede troch de bitterheid fan har tante. De âlde mynhear Simon Hermerg hat as heal-joad de holocaust oerlibbe. Ek hy moat noch faak oan syn kamptiid tinke, oan de befrijing troch de Russen en oan de nei-oarlochske perioade fan’t weropbouwen fan ús lân. Hy hat it dêr geregeld oer tsjin syn soan (?) Paul. Tonia en Simon binne beide al op jierren en krije foar allerhande kwalen medisinen, dy ’t harren besoarge wurde troch Marja Horjus, de wykferpleechkundige. De beide folslein-anti-poden Tonia en Simon wenje, sûnder dat se it witte, neistelkoar yn in appartemintekompleks.
As dêr op in dei gjin wetter út’e kraan komt fanwegen in reperaasje oan it liedingnet, moat Paul in glês wetter by de buorlju helje foar syn sike heit. Dêr moetet er Suzan, en tusken dy beide bloeit wat moais op, wylst sy harren iensume heit en tante oanelkoar koppelje wolle…As dan bliken docht dat Simon en Tonia sa ’n ferskillend ‘oarlochsferline’ ha, hâldt Marja Horjus har hert fêst. Sy is op ‘e hichte fan de oertsjûgingen fan har pasjinten en makket geandewei it stik mei, hoe ’t Simon en Tonia harren mieningsferskillen útfjochtsje. Se binne beide goed rap mei de mûle en hâlde, hast tsjin better witten yn, fêst oan eigen gelyk. Mar…it is allegearre al sa lang lyn en dan komt de twifel: wa of wat wie no ‘goed’ en wa en wat wie ‘fout’? Paul en Suzan skodzje it ferline fan harren ôf en geane miskien tegearre fierder; soe dat der foar Simon en Tonia, oan’e ein fan har libben, ek noch yn sitte?
Dejinge dy ’t hâldt fan in toanielstik mei pittige dialogen oer in wat dreech ûnderwerp, mar dochs hopet op in ‘leaf’ ein, krijt mei ALDE GROEDEN waar foar syn jild.

In soer puddinkje

Yn dizze klucht giet it om it testamint fan Desmond Clairborn dy ’t middels syn advokaat syn famylje en sekretaresse komme litten hat foar it foarlêzen dêrfan. De famylje is tige ynklauwerich en is min te sprekken oer de oanwêzichheid fan de sekretaresse. In famyljebân is der net en dat utert him yn ôfgryslike feninige dialogen. De famylje bestiet út in rêd pratende neef, in arrogante soan en syn op Marilyn Monroe lykjende frou, in yn astrology ynteressearre nicht en twa susters, de iene pittich, de oare senyl. De ferstoarne hat in hiel bysûndere betingst opnommen yn syn testamint en dat liedt ta de nedige spekulaasjes en aksjes by de famyljeleden. De ferdieling fan de erfenis blykt op it lêst tige ferassend út te pakken en it is boeiend te sjen hoe’t de ferskate erfgenamen dêr op reagearje.

Hûs te keap

Om ’t Mijndert van der Sas en syn frou Myrna it hijr wol ‘besjoen’ ha, beslute se te ferhúzjen. Omdat se it net rom ha, ha se wat betocht om dat gau te feroarjen. En dat liket ek noch te slagjen. Mar dan komme de nije bewenners. Troch omstannichheden duorret it even ear ’t se yn’e gaten ha, wat en hoe ’t it allegear yn elkoar sit. Se fiele harren beskiten en se litte it der net by sitte. Mei troch Japie (de papegaai) rint it úteinlik toch noch goed ôf!

Hynsteblom en Hynsteblom

De firma Hynsteblom en Hynsteblom is in handelskantoar, wer’t in protte dingen ferkocht wurde, teminsten as der wat oan te fertsjinjen is. Mark en Kees Hynsteblom binne de direkteuren en Appy is de magazynsjef, ien út tûzend. Hy wit altyd rie en sjocht alle hannel wol sitten. Mar wat net goed útpakt is de bûtenlânske wurkster, dy ’t swart yn tsjinst is. Joke van der Meer is fan de belêsting en komt der efter. Se moatte alle seilen bysette om ûngelokken foar te kommen. Juffer Anny is dyjinge wêr’t alles om draait. En mem Hynsteblom? Dat is wer in oar ferhaal. In stik dus wer ’t in protte út te heljen is.

De suster fan Jerry Finnegan

Brian Dowd hat de lêste tsien jier fan syn libben wraksele mei de ûnbeantwurde gefoelens foar de suster fan syn bêste freon, dy ’t neist him wennet. Mar hieltyd as er langer as tritich sekonden mei Beth Finnegan praat, einiget dat yn in fiasko. As er heart dat de suster fan Jerry trouwe sil, is it alles of neat foar him. Him útsprekke of foar altyd stilhâlde. Hy is op it point of no return oankommen. Wat hat er te ferliezen – behalve de leafde fan syn libben!
Yn in fluch tempo folgje der in rige fan fleurige sênes, wêr ’t Brian en Beth fan har sânde en sechste jier ôf fia har puberale jierren úteinlik oankomme by har leeftyd fan hjoed de dei, begjin tweintich. Dit blijspul hat publyk fan alle leeftiden fermakke.

In goede freon en kollega

Theo Kuijer komt thús fan in personielsfeest. Hy is moai oansketten. Kollega Joris bringt him thús. Hy hat wat tefolle oandacht bestege oan de frou fan de baas. Efkes letter komt sy ek delsetten. Se doart net nei hûs. Bang dat har man wat troch hat. Fansels komt dy ek nei Theo en sadwaande bedarje Wilma en Joris yn de kast. At Theo him der mei in smoes útwurke hat komt Trudy – sy is deabenaud foar har man en flechtet dêrom nei Theo. Se kriget ûnderdak, mar ek har man komt en dizze mept Theo ynelkoar. Wylst sitte Wilma en Joris noch yn ‘e kast. Ensfh. ensfh…
In klucht fol ôfwikseling, de iene is de doar noch net út of de oare stiet der alwer. Persoanen wurde ferwiksele, rûzje oer en wer en fansels dyjinge dy’t ûnskuldich is kriget de measte klappen.

Gjin ekskús

René wennet gear mei har freon en sil trouwe. Har bernejierren komme boppen. By de terapeut Chris wurdt dit yn flash-backs oanjûn. It giet om in alkoholistyske mem en in heit dy ’t der noait wie (seeman).
Stipe kriget se fan de buorman dy ’t har misbrûkt. It kommentaar fan de bûtenwacht ( 6 persoanen) wurdt ôfsetten tsjin it ferhaal fan René. It machtelease (net) dwaan fan de helpferlieners. De famylje, de buorlju, de húsdokter ensfh. It is in oanklacht fan René yn dy rjochting. It publyk spilet yn ‘e ein ek mei. Twa tsjinstelde mieningen. (kin dûbelrollen fan eardere 6 wêze)

De jonges De Vries

Trije broers sitte te wachtsjen yn de gong fan in sikehûs. Mem is opnommen en no beprate se hoe of it moat, it itensiden en de wask en mear fan sokke dingen. Miskien komt Trinette wol om harren te helpen.

De Tsjelp

In amateur-fûgeler libbet him út op ‘e siik nei de Tsjelp. De profesjonele ‘ornitologen’ dy’t dizze ‘Tjerk Vermaning’ fan de fûgelerij op sleeptou mei krigen ha, binne minder entûsjast oer dit mysterieuze fûgeltsje. Wa ‘sjocht se fleanen’?

Ynstappe & Utstappe

Wylst in begjinnende omropster frjemde meidielings oer it perron ropt, sjogge wy in nuver, fertuterze famke op in bankje sitten. In âldere fertsjinwurdiger besiket om ‘e nocht om kontakt mei har te krijen, mar hy hâldt dêr úteinlik allinne in mysterieus foarwerp oan oer. As se fuortgien is, reagearret de man syn teloarstelling ôf op in argeleaze, weetlike learaar. Fia de learaar kriget it famke it frjemde kadootsje lettter werom.
Dizze licht absurdistyske ienakter kin apart spile wurde, mar ek diel fan it fjouwerlûk, neamd “Komme & Gean”. Sjoch fierder by de titel.
It ferhaal fan it famke kriget in ferfolch yn “Utwei”, de lêste ienakter fan dizze fjouwerlûk, wêr’t ek de omropster yn werom komt. it is ek mooglik om allinne dizze twa ienakters te presintearjen yn ien foarstelling. De learaar sjogge wy werom yn de ienakter “Connie en Nico”.

Connie en Nico

Midden tusken de koffers lit heit Gerard tryst de moedfearren hingje: in pre-fakânsje dipke. Hy is teloarsteld dat Nico net mear mei wol. Mem Caroline trunet har man oan om alles yn de auto te setten. Dochter Connie hat lokkigernôch mear begryp foar him. Sy wachtet yn spanning op de útslach fan har hereksamen. Dan komt de âlde húhâldster Hommie Nico oer it mad, dy ’t stikem weromkommen is út it argeology-kamp. Nico is net in jonge, mar de twillingsuster fan Connie ( spile troch deselde aktrise) en hjit eins Nicoline.
It docht bliken dat se in ferhâlding hat mei de learaar Edwin, dy ’t melde sil dat Connie slagge is. Neidat de knoffelige Edwin it útmakket mei Nicoline komme wy krekt goed yn de betizing. Heit tinkt dat Connie sakke is. Hommie besiket it weromkommen fan Nico ferburgen te hâlden. Mem Caroline ( “Ik bin om samar te sizzen Connie en Nico yn ien”) besiket om ‘e nocht de learaar yn te palmjen. Dy fersint him op ‘e nij as er Connie foar him hat. Tusken de bedriuwen besiket Arnold syn rotten te behoedzjen foar it asyl.
As de learaar úteinlik tige skrokken útnaad is, nimt mem Caroline it heft wer yn hannen: “we gean mei fakânsje”.
Dizze kluchtige ienakter, dy ’t tagelyk in parody op in klucht is, kin apart spile wurde mar is ek diel fan it fjouwerlûk, neamd “Komme & Gean”.
De learaar komt ek yn “Ynstappe & Utstappe”; de húshâldster yn “Appeltsje”.

Appeltsje

No ’t de famylje, wêr’t sy oan’t no ta wurke, fuort is, bliuwt de húshâldster allinne achter yn it lege hûs. Se is bang om yn harsels te praten, om’t se dan wer oan alderhanne dingen út it ferline tinkt. Ynienen wurdt se oansprutsen troch in appel dy ’t se opite woe. De appel stelt har gerêst en hat begryp foar har, mar ropt har ek op om it libben net samar foarby gean te litten. As har soan delkomt om har op te heljen, fret hy de appel op en makket sa har dream, ûnbedoeld, yn ien kear stikken. In oandwaanlike (hast) monolooch mei in absurd tintsje yn de foarm fan in pratende appel. (dy ’t op bân opnommen wurde kin of troch in akteur mei mikrofoan út de kûlissen wei spile wurde kin) De goedmoedige soan set mem op de ein wer wreed mei beide fuotten op ‘e grûn.
Dizze ienakter kin apart spile wurde, mar is ek diel fan in fjouwerlûk, neamd “Komme & Gean”. De húshâldster spilet ek yn de ienakter “Connie en Nico”, de soan Rudi yn de ienakter “Utwei”.

De magyske fluit

Yn it bosk wenje twa groepen: de Klassikers en de Rockers. De beide groepen kinne inoar net útstean. De skok is grut as bliken docht dat sy gearwurkje moatte om har bosk te rêden. Want hoe komt it dat de reinbôge-elfkes net mear komme? En wêrom geane alle blommen en planten dea? De domme Trombo en prinses Medij wurde op ferkenning stjoerd. Prins Ritmo giet al gau mei har mei. Mar sy wurde folge troch de kweade boskfekke Amoezieka, dy ’t mei it duveltsje Valsini alderlei gemeine trúks betinkt om it trijetal tsjin te hâlden. Gjin plan is har te mâl. Lokkich krije Trombo, prinses Meldij en prins Ritmo ûnferwachte help en docht bliken dat de fluit fan Meldij hiel magysk is.

It tema muzyk, de tsjinstelling tusken klassyk en rock en de eleminten loft, wetter en fjoer biede de regisseur en de spilers boppedat in ferskaat oan kreative mooglikheden.

Kyp mei patat

Op de weromreis fan harren fakânsje beslút de famylje de Ruiter en harren oansteande skoansoan ûnderweis in hapke te iten. Nei lang sykjen fine se einlik in restaurant, wêr ’t it ynterieur en de betsjinning net folle om ‘e hakken hat. Omdat se honger ha en gjin nocht hawwe om in oar restaurant te sykjen, beslút de famylje te bliuwen. As dan twa Hell’s Angels fan need oan harren tafel komme te sitten, is dit it begjin fan in oantal konfrontaasjes.

Muoike ’s oerskot

Muoike Douts is ferstoarn en de famylje Keyser komt nei in besletten begraffenis by elkoar yn de wenning fan de ferstoarne. Muoike hat oait in suksesfolle aktrise west, mar is altyd it swarte skiep bleaun fan de famylje. De Islamityske frou dy ’t de famylje ûntfangt liket de húshâldlike help te wêzen fan muoike. Trije muoikesizzers mei harren partners ferwachtsje dúdlikheid oer it neilittenskip te hearren en binne der klear foar om dêrfoar striid te leverjen. Net ien fan allen hat de lêste tiid kontakt mei muoike hân. Hast elkenien docht foarkomme dat der in hechte bân wie. Al gau wurdt it in toulûkerij om dingen as de Mingfaas en it Dali-skilderij, mar fral wurdt der socht nei it famyljecollier. It is hiel goed mooglik dat it collier yn oare hannen telâne kaam is. Op de dei fan de begraffenis docht bliken dat muoike har oansletten hat by in lytse sekte; it Keppeltsje. De “Harder” dy’t de begraffenis regele, hat in boadskip fan muoike; troch alderlei ûngelokjes bliuwt it boadskip lang ûndúdlik. Bestiet der echt wol in keppel en wêrom keapet Eppo samar twa djoere flessen sjampaje en is it skilderij wol in echte Dali en is de Ming dy ’t stikken fallen is wol in echte Ming… en de grutste fraach…is der wol in testamint? In soad ferwikkelingen, mar lang om let as de Harder troch de koer fallen is as de bedrager, komt der ljocht yn de saak, mar dochs is de ûntknoping noch hiel ûnferwachts.

Fûgels

De 60 jierrige Jaap (troud mei Just) freget him ôf wat it libben him noch te bieden hat. Ynienen komt de jongere, strakkere Linda foarby. En ja hear, hy hapt ta. Mar letter ferskynt de noch jongere Carla…
Just nimt in gloednije flat foar harsels. Gûlt en begjint op ‘e nij. Lestich is wol dat har nije flat pal tsjinoer de flat fan har eks-man en nije freondinne stiet. Se kinne by elkoar yn ‘e keuken, of slimmer noch, by elkoar yn ‘e sliepkeamer sjen. Wat moat se dwaan? En hoe sit it mei har eigen romantyk? Is dat no foar altyd oer en út?
Wurde Jaap en Just wol lokkich sûnder elkoar? Is der in wei werom? Kinne se wer yn itselde hûs en troch deselde doar?
De sênes wurde oanelkoar breide troch twa fertellers. De taskôger fljocht fan hjoed nei juster en fan ferline wike nei in oere earder deselde moarn!