Komt Kerst mei kryst

In man tinkt lûdop oer syn libben. Hoe’t er jong wie yn de 60-er jierren, syn opstannigens en syn berêsting.
Hy is no allinnich. Frou en bern ha him yn’ e steek litten.
Hy praat der oer tsjin de jonge frou fan de thússoarch. Hy praat oer syn grutte leafde fan eartiids, dêr’t er noch faak oan tinkt. Yn it petear ûnder in spultsje damjen komme sy der achter wa’t de grutte leafde fan de man krekt wie.

Mearderjierrich en folwoeksen

Liesbeth, in mem fan 2 bern is al 15 jier widdo as se yn’ e kunde komt mei Jacob. De bern witte dat net en sette in advertinsje omdat se fine dat mem wer ris yn’ e kunde komme moat mei in man. Liesbeth sels set ek in advertinsje, dan kin se sizze dat Jacob dêr op skreaun hat. Der komt dus in postsek mei brieven en fansels wurde der manlju útnoege. Sil it Jacob slagje om der as bêste man fan Liesbeth út te kommen?