Rjochtdei

Op in rjochtdei kaam faak in protte folk ôf, benammen as der wat belangryks oan ‘e oarder wie. Wer’t minsken binne kin wat fertsjinne wurde en dus wie ek allerhande merkefolk oanwêzich. It wie in bûnt selskip dat de strjitte folle. Yn ôfwachting fan de sitting en de útspraak fermakken de minsken harren poerbest. Dêrfan wurdt in fleurich byld jûn. Dêrneist wurdt preludearre op it drama dat folget.
De grytman hat it net maklik. Hy moat, nei’t er in pear net sa wichtige saken ôfhannele hat, kieze tusken rjochtfeardichheid en de grime fan it folk.

Yn ‘e 17e ieu kenden de gritenijen it saneamde Nederrecht. De grytman bestjoerde syn gemeente en wie tagelyk rjochter. Hy waard bystien troch in siktaris, de assessoren, de bysitters (meastentiids twa), in eksekuteur en in fiskaal. De gritenijrjochtbank koe lytse saken bahannelje, dy’t te meitsjen hienen mei it eigendomsrjocht, tabrochte skea, mislediging en stellerij. Der waarden hast gjin frijheidsstraffen oplein, mar der waarden wol boeten en liifstraffen útdield. Fan de boeten wie in part foar de gritenij en in part foar de grytman sels. De liifstraffen bestienen út giseljen, brânmerken of te kaak stellen. Foar slimme gefallen, moard, brânstichting, ensfh. waarden de fertochten trochstjoerd nei it Hôf fan Fryslan yn Ljouwert. (Boarne: Fryslans ferline, D. Kooistra en H. Oldenhof)

De myte fan Perseus

Fjouwer bern fertelle en belibje in Grykske myte oer Perseus. In Grykske held dy’t de holle fan in meunster ophelje moat, sadat syn styfheit net mei syn mem trouwe kin.
Slagget it Perseus om it meunster te ferslaan of komt hy noait werom?

De tsien fan Fardou

Fardou hat in listke makke mei tsien ‘geboaden’: se sollisitearret net wer, se wol gjin peuken fan de buorlju oer de hage, der moat wat dien wurde oan de herje fan de biersûpers neist har hûs, de sosjale kontakten yn de strjitte en de wyk moatte better, de ferbouwing fan it hûs moat klear, har man Euwe moat yn in maatskip, har man mei net flikfloaie mei de buorfrou, Fardou wurdt de perfekte mem, Euwe moat ophâlde Fardou yn de tredde persoan oan te sprekken en Euwe mei net hieltyd ‘leave’ tsjin har sizze.
Oan alle tsien geboaden wurdt yn dit stik hurd wurke mar se slagje net allegearre. Foaral de perfekte mem wurde, Fardou sil dochs earst yn ferwachting reitsje moatte.

Bakhuzen is gjin New York

Sân minsken, allegearre op reis mei deselde grutte plezierboat, komme mei elkoar yn’ e kunde. Feara en Sissy Simons, twa susters út Bakhuzen, dy’t al har hiele libben tegearre in kemping beheare, mar sa âlderwetsk binne as at it mar kin. Noait earder op fakânsje west en no samar in wrâldreis. Harm en Lys Voolstra, hy is ferslave oan pokerjen en sy docht alle war om him der ôf te krijen. Drewis en Franny Galama, hy hat net lang mear te libjen, mar wit perfoarst net hoe lang noch.
Drewis tinkt dat syn frou it net wit, mar is dat wol sa? En dan noch Lys Groothoff, is dy wol sa’t se har foardocht? Allegearre tûkelteammen dêr’t yn de rin fan it stik in antwurd op komt.

Wat in skrik

Berend (Benny foar freonen) Faber is al hast fiifentweintich jier troud mei Sippy. Mar ek oare froulju ha altyd al op syn belangstelling rekkenje kinnen. Ut in eardere ferhâlding hat er in dochter, Maaike, dêr’t er neat fan ôf wit. Dy is no nei har heit op syk gien mei help fan it tv programma Spoorloos. Se ha, sûnder dat Berend der erch yn hat, regele, dat Maaike in keamer hiert by Sippy, dy’t by harren oan hûs in Bêd en Brochje hat.
As Berend in brief kriget fan Spoorloos, dêr’t yn stiet dat in frou him nei al dy jierren moetsje wol,brekt by him de panyk út, want Sippy mei der út noch yn wat fan witte. Mei help fan syn freon en kollega Sjoerd besiket er te rêden wat der te rêden falt. Hy wurket himsels lykwols hieltyd fierder yn’ e nêsten. Sil er him der noch út rêde? Dat spant der om. Wês mar bliid dat jim net yn syn skuon stean.

In rûzich wykein

Bart de Jager wol mei in freondinne dy’t er noch oppikke moat, in wykein trochbringe yn syn appartemint oan de kust. Syn twillingbroer Mark dy’t syn frou ferteld hat dat er nei in kongres moat, wol mei syn maitresse in wykein trochbringe yn dat selde apprtemint.
Omdat Mark fuort is, tinkt Mare, de frou fan Mark, dat it in goede gelegenheid is om in wykein nei harren appartemint te gean mei haar minner. Hugo de Jager, de heit fan de twilling, tinkt dat in wykein oan de kust, en ek noch wol yn appartemint fan syn soannen, in goede kâns is om syn nije sekretaresse by him op bêd te krijen. Safolle folk, net wittend wa’t der noch mear yn it appartemint is, yn ien appartemint, dat moat hast wol problemen jaan. Nammerste mear as âlde leafdesaffêres de kop opstekke.
It gefolch is: persoansferwikselingen, hertsear, sjantaazje en gean sa mar troch.

Drift

It binne acht koarte ienakters oer seksualiteit. En dan foaral oer de wize dat jongerein en alderein deroer prate en tinke.
Se kinne sawol los fan elkoar as yn ien gehiel spile wurde. Ek de folchoarder kin oanpast wurden. Dûbbel rollen binne mooglik.

Romke en Jeltsje

It is in ferhaal oer leafde en fertriet. In ferhaal oer de leafde ynspirearre op Romeo en Julia
It is in ferhaal oer leafde en fertriet. Oer freonskip, relaasjes en oer famyljeproblemen.
Hiel lang lyn, fier foardat Romke en Jeltsje berne wienen, krige de famylje fan Jeltsje rûzje mei de famylje fan Romke, in echte, fette, mega rûzje! Sa’n rûzje dêr’t de buorlju it jierren letter noch oer ha.
Mar Romke, hoe kin it ek oars, wurdt fereale op Jeltsje. Mar dat mei fansels net, en Romke giet fuort, de wrâld yn.
Troch in fergiftige appel falt Jeltsje yn ’e sliep en se kin allinne mar wekker wurde troch in tút fan Romke. Dêrfoar komt Romke werom, Jeltsje wurdt wekker en se libje noch lang en lokkich.

Net foar de poes

7 fammen ha in reuny fan skoalle op in eilân. Trije dagen yn ôfsûndering sûnder mobyltsje of sokssawat. Der is in tsjinstfamke dat de boel wat skjinhâlde moat. Roas dy’t it dit jier regelt is de noflikste kant it neist.
Se ûntdekt dat de tartaar iepen stien hat, mar lit it earst de kat priuwe. As de kat it ha wol, moat it hast wol goed wêze.
De faam komt letter op de jûn om te fertellen dat de kat dea is en der brykt panyk út.
Elk wol oerlibje en betinkt wat om it fergif te neutralisearjen. Gelokkich hat ien fan de fammen Norit mei tsjin de skiterij.
Net genôch foar allegearre…
Oan de ein blykt dat de kat stoarn is mei de kop tusken de foardoar.

In freonetsjinst

In man is in frou tsjinkaam doe’t er in pear wike mei fakânsje wie. Om’t er ferskriklik bang is om in blauke te rinnen freget hy in kollega om ris te polskjen oft hy in kâns makket by har. Ta syn ferrassing en dy fan it publyk rint it oars as ferwachte…

Fjochtsje om leafde

Gigi en Hugo wienen earder troud en wienen beide grutte stjerren op it toaniel. Nei’t Hugo in slipperke makke hat binne se skieden en ha elkoar in hiel skoft net sjoen, lit stean mei elkoar praat. No wol in regisseur se beide brûke yn in nij stik, mar it falt net ta om se safier te krijen dat se wer tegearre op’ e planken ferskine. It slagget al om se oan it repetearjen te krijen, mar dat giet net fansels.
De iene nei de oare rint út de repetysjeromte wei omdat er de oare net útstean kin. By einsjebeslút slagget it al en dan blike Gigi en Hugo it mear iens te wêzen as de regisseur en de produsint. De foarstelling wurdt in foltreffer.

Wat binne wy moai fuort

Under begeleiding fan in gids nei de binnenlannen fan Afrika. Foar de rike en dominante Luciel de ideale trip om opskeppe te kinnen by har freondinnen. Henry, in goede siel, giet lykwols om in hiel oare reden mei as syn frou. Henk en Annie, dy’t in priis wûn ha en dêrom de reis meitsje, sjogge der hielendal nei út. De jonge, ûnferskillige en luie Emma makket it reisselskip kompleet. Luciel ergeret har dea oan it hâlden en dragen fan Henk en Annie, twa typen fier ûnder har stân en fan Emma moatte se al hielendal neat ha.
Al gau docht bliken dat it hielendal gjin lúkse fakânsje is, mar in survivaltocht troch de oerwâlden fan Afrika. Foar Luciel in reden om daliks werom te wollen. Spitich, de jeeps dy’t harren brocht ha, komme pas oer in pear wike werom. Oanpasse dus!
At dan ek noch Fred, de gids, ynienen fuort is, dan wurdt it pas echt in tocht..
In komysk en fermaaklik blijspul dat spile wurde kin yn in ienfâldich te meitsjen dekor.

Mei sturt en earen

Fokje fûtert altyd op har puberjende bern. Se seit dan ek faak: ‘Ik krij noch in sturt fan jim of ik krij in puntholle.’
En ja hear, se krijt in knine-sturtsje en knine-earen. Mar allinne sysels en har mem sjogge it.
En de hûnen blaffe hieltyd nei har

What’s a woman

Antsje en Boukje binne twa sjongende suskes. Boukje is de leadsjongeres en Antsje sjongt al of net mei in achtergrûnkoarke. Boukje krijt de measte oandacht en Antsje is bot jaloersk.
Boukje hat in ferhâlding mei harren manager Nico, mar syn frou komt it te witten. As Boukje te hearren krijt dat Nico troud is, jout se him dien. Mar se hie it witte kinnen: se falt altyd op troude manlju.
Se wol ek net mear sjonge, Antsje moat it mar allinne dwaan. Antsje sjit hjirtroch sa yn’ e stress, dat se in hertoanfal kriget?
Johan, in sikehûsbroeder dy’t op’ e hertôfdieling wurket, sjocht dat it hyperfentilaasje is. Hy helpt Antsje mei it sykheljen en as Antsje wer by steat is te sjongen, giet it optreden dochs wer troch

Falskspilers

It stik giet oer in operetteferiening dy’t “The beggars opera” opfiere wolle. De repetysjes ferrinne lang net sûnder problemen. Neist de hieltyd wer weromkommende problemen mei de rolbesetting, is der sprake fan gekonkel, rabberij en amoereuze ûntwikkelingen. Slagget it de regisseur fan it selskip, dy’t maklik op de kast sit, om de foarstelling op ’e tiid ôf te krijen? En wat wol elkenien doch fan de nije toanielspiler?

Werom

In troud pear sil skiede. Se sjogge werom oer hoe’t it safier kommen is. Se ha har soantsje ferlern en se ferwurkje dat ferskillend. Sy stoart har op it wurk en hy siket treast by de buorfrou.

Bungalow 847

In troud pear hat in priis wûn, in fakânsje yn in bungalow. De mem fan de man giet ek mei, dan is de frou bûn en hy hat de hannen frij. Der komt noch in stel yn deselde bungalow. Mei de frou fan dit stel hat er in ferhâlding en der komt ek noch in hoerke del.
Dochs is de man net lokkich, hie er it mar noait útmakke mei syn earste leafde.
Syn frou en de man fan it twadde stel litte net langer mear gewurde wat harren partners dogge en begjinne tegearre in relaasje.
Dan komt de earste leafde fan de man op it toaniel, komt it dan dochs noch goed?

De wenarke

De haadpersoanen yn dizze komeedzje sitte al jierren yn in houlikskrisis. Se geane by elkoar wei.
Hy hellet in breidsje út Tailân, sy wol him jaloersk meitsje mei in man út de sportskoalle. mar sa maklik komme se net fan harren eksen ôf. In komeedzje oer leafde, grutskens en oerjefte

Tafallich

Nei de pensjonearring fan Rein Kramer barre der frjemde dingen. Alderearst baarnt syn hûs ôf, noch foardat er der yn wennet.
Yn it hûs dat er dan hiere kin wurdt fan alles fûn: drugs, in frjemde poppe, in usb stick mei berneporno..
Is it allegearre tafallich of wol ien him der yn lúzje?

Moatte, altyd mar moatte

Sinteklaas wol net mear wurkje. Hy wol mei pensjoen. Hy wol net altyd mar moatte.
Mar dat kin fansels net, Sinteklaas kin net ophâlde. Se betinke fan alles en úteinlik krije se Sinteklaas dochs sa fier dat er net mei pensjoen giet.