Karton
Arie, in swalker, sliept yn in kartonnen doaze yn de boarterstún. Maus, in skieden frou, rint der lâns mei har tas fol boadskippen. Se hâldt net fan swalkers mar rekket dochs mei Arie oan’e praat. Se prate sels salang dat Maus Arie útnoeget om by har thús de farske broadsjes, dy’t se krekt by de bakker kocht hat, op te iten.
Kommintaar:
Allinne al omdat dizze ienakter net yn in ‘gewoan’ dekor spilet soe eins al in reden wêze kinne om der ris mei oan’t wurk. Arie (30) en Maus (50) binne beide gewoane minsken en dus net sa dreech om te spyljen. In leuke ienakter.
GB