Omke Wanja
Alexander komt mei syn 2e jongere frou Jelena op de sate te wenjen wat syn dochter Sonja en neef Wanja al jierren beheare. Sy ha altyd in grut part fan de opbringst oermakke oan Alexander. De mannen wurde oerstjoer fan de moaie Jelena. It rêstige en oardere libben is kompleet yn ûnstjoer. Elkenien rekket yn ‘e war en ek bloeie der ferlangens op dy’t net realistysk blike. Elk besiket efter syn ferlangens oan te gean en sûnder dat se it sels yn ‘e gaten ha, reitsje se hieltyd mear fertize yn de ûnmooglikheid der fan.
As Alexander mei it foarstel komt om de sate te ferkeapjen binne de rapen gear en giet Wanja troch it lint. Jelena en Alexander geane fuort, alles komt wer yn ‘e rêst. In yllúzje earmer besiket elk de tried fan it eardere libben wer op te pakken.