De leafde fan Don Perlimplin en Belisa yn syn tún

Don Perlimplin, in rike âldere man, trout mei de moaie Belisa. Al yn’e houliksnacht bedraacht se him mei fiif mannen. Perlimplin syn winsk is dat sy, al wie it mar koart, him leaf hat. Foar dit doel presintearret er himsels as in heimsinnich hear, dy’t yn it tsjuster by har komt en brieven stjoert. Sa wit hy har leafde te winnen. Belisa wol dizze man graach fan tichtby besjen en Don Perlimplin soarget foar in moeting. By de moeting komt hy as himsels en seit dat er de heimsinnige hear deadzje sil. Wat letter fynt Belisa in ferwûne man en sjocht se dat it Don Perlimplin is dy’t, om har te befrijen, de hân oan himsels slein hat.