Farwol Ierde
Boris fielt himsels, al sûnt er lyts is, net thús op ierde. Hy hat himsels de lêste moannen hielendal ôfsletten fan de minsken op syn wurk as stjerrekundich dosint op ’e universiteit en fan de wrâld om him hinne. Hy makket yn syn appartemint, boppe yn in flat, in kattepûl om himsels de kosmos yn te sjitten. Op âldjiersdei, ien dei foar syn ‘ôfskie’, kriget Boris besite fan trije minsken. Tryn, de âlde skjinmakster, dy’t altyd klear stiet foar de minsken om har hinne. Lena, syn freondin dy’t besiket om Boris fan syn plan ôf te hâlden, om him wer mei beide fuotten op de grûn te krijen. En ek fan de nije buorfrou, Amarins, dy’t harsels, lykas Boris, net thús fielt op de ierde en yn Boris in geast ferwant sjocht…
‘Farwol Ierde’ is in nij sels skreaun stik, basearre op de teätrale ynstallaasje ‘The Man Who Flew Into Space From His Appartment’ fan de Russyske keunstner Ilja Kabakov.
Yn syn kreaasje is in lyts appartemint te sjen dat op wiere skaal nei boud is. Der is in grut gat yn ’t plafond te sjen en in ymprovisearre kattepûl is ynstallearre boppe it bêd. It ferhaal dat heard by dizze ynstallaasje giet der oer dat de man himsels lansearre hat en nearne mear fûn is. Spoarleas ferdwûn. Is it him wier slagge om himsels de kosmos yn te sjitten?
Wêr’t Kabakov yn syn ynstallaasje sjen lit hoe’t it appartemint der útsjocht nei dat de kattepûl syn wurk dien hat, lit de foarstelling ‘Farwol Ierde’ sjen wat der de twa dagen dêrfoar bard is. Wa wie dizze man en wat foar minsken hat dizze man noch moete foardat er himsels fuort sjit rjochting de stjerren?