In grize komeedzje

Fjouwer akteurs op leeftiid komme alle wiken by inoar om te praten oer it fak, oer de fergonklikheid fan sukses en oer it âlder wurden. As ien fan harren beslút dat se leaver dea wol, komme de oaren op in wol hiel kreative manier yn aksje…
Bizarre wendingen, skerpe dialogen en in ferrassend ein. In komeedzje mei in earnstige ûndertoan en de fraach: moat men sukses oant de dea ta ôftwinge?

Neat te ferbergjen

Sân goede freonen (trije troude stellen en ien allinnesteande) hawwe ôfpraat foar in itentsje. It is de jûn fan de eklips, de moanneferstjustering.

Se beslute by wize fan spul om har mobile telefoans ûnder it iten op tafel te lizzen en elk berjocht (sms, app, e-mail) en elk telefoantsje dat binnen komt fuortendalik mei-inoar te dielen, om te bewizen dat se neat foar elkoar te ferbergjen hawwe. Wat fierder as de jûn foarderet, wat mear geheimen der oan it ljocht brocht wurde. It docht bliken dat de freonen minder fan elkoar wisten as se ynearsten tochten…

 

Dekôr: Foar it grutste part in appartemint dêr’t it itentsje plak fynt. Sênes binne ôfwikseljend yn de keuken, op it balkon, yn de wenkeamer, yn de hal en yn de badkeamer.

 

 

De ôfrekken

In gefoelich petear tusken de wurkster en de dochter fan de famylje dêr’t se al jierren foar wurket. In soad frustraasjes wurde sadwaande ris in kear besprutsen. De wurkster wol der mei ophâlde, omdat se fynt dat se te min wurdearring kriget. Wylst de mem op stjerren leit rekkent de dochter op de wurkster, sa dat sy har eigen libben libje kin. Uteinlik kin de dochter útlizze wêrom’t se it sa swier fynt om foar har mem te soargjen. De wurkster beslút dochs te bliuwen.

Doet, Gryts dochter

Beppe Gryt en dochter Doet hawwe in bedriuwke yn fegetaryske hamburgers en pizza’s ensfh. Beide froulju binne teloarsteld yn ‘e manlju. Beide hawwe hâlden fan ien, dy’t net genôch fan harren hâlde. Se hâlden der beide in dochter fan oer. Beppe Gryt kin dêr oer orakelje as in profetes. Doet is wat oars. Har dochter Gryt hat al langer ferkearing, mar is dêr sa ticht oer as in pôt. Nei in wat persoanliker petear mei har mem, feroaret der gâns. Har freon hâldt safolle fan har, mar sy jout neat om him. Se hat it
útmakke, want hat leaver in man, dêr’t sy fan hâldt.
KOMMINTAAR:
Tige de muoite wurdich, dit stik. Goede dialogen en spannend oant en mei de ein.

JV