Twaljocht
Bert, Dora, Ben en Suzan wiene yn de tiid dat se op de HBS sieten net byelkoar wei te slaan, mar binne elkoar nei it eineksamen dochs kwyt rekke. Bert is mei Dora troud en Ben mei Suzan. Op in reuny ha se elkoar wer troffen en ôfpraat dat se mei syn fjouweren op fakânsje sille. It stik begjint at se yn de fakânsjeflat oankomme. Dêr spilet him hiel wat ôf, net allinne komme de moaie dingen út de H.B.S.-tiid nei foaren, mar ek de minder moaie. It wringt fry wat tusken de beide echtpearen en ek tusken man en frou, de beide eardere kammeraden en kammeraadskes. It docht bliken dat Bert en Dora trouwe moasten, mar dat it bern net fan Bert mar fan Ben wie.
NB Fryske tekstboekjes (en tastimming) binne te krigen by STINEDRA, de Perponcherstraat 116, 2518 TA DEN HAAG; tel.: 070-3469738
GD