Koartsluting

Victor, in santiger, begjint wat te demintearjen. Hy fernimt it sels, mar wol it net wêze. Troch alderhanne spultsjes te spyljen mei syn frou Charlotte tinkt er de saak draachliker te meitsjen of yn alle gefallen te kamûflearjen. Syn frou spilet yn it begjin mei, mar as Victor yn syn ûnmacht te fier giet en echt nuvere dingen begjint te sizzen en te dwaan fynt se dat se beide de realiteit ûnder eagen sjen moatte. No kin se der noch mei him oer prate. Nettsjinsteande har ûngeduld en ergernis bytiden kin Charlotte op beslissende mominten dochs de goede toan fine om Victor wat by te stjoeren en se wurde it iens oer de takomst dy’t se mooglik tegearre noch ha.
Tuskentroch leare we de dochter kennen mei har spesifike problemen dêr’t se hiel eigentiids mei omgiet. Ek de (jongere) buorfrou spilet in rol binnen dizze relaasjes.
It demint wurden fan je man en heit is fansels net wat om de gek mei te hawwen; dochs giet it hjir om in blijspul. De problematyk wurdt yn dit stik nammentlik op humoristyske wize, mar tagelyk tige respektfol en waarm, behannele.

Finzen yn fantasy

In komeedzje mei in serieuze psychologyske ûndertoan.
Ayckbourn lit yn dit stik twa wrâlden troch elkoar hinne rinne; oan de iene kant is der de echte wrâld fan Susan, dy’t frustrearre is as frou en as mem. Se hat in ferfeelsume man, in ûnferskillige soan en in nuveraardige skoansuster dy’t altyd striemin iten klearmakket.
Oan’e oare kant is der de dreamwrâld fan Susan, dêr’t it roazen en anjelieren snijt, mei in skat fan in dochter, in ideale man en in soargsume broer. Dizze wrâld begjint neidat Susan yn’e tún de stâle fan’e harke tsjin de holle krigen hat. It hin’ en wer gean tusken dizze wrâlden kin úteinlik net goed gean en Susan stiet oan it ein fan it stik dan ek hielendal alinne en ferbaldere yn’e tún.