Dagen fan striid
It ferhaal spilet him ôf yn it rampjier 1672. It lân waard fan trije kanten oanfallen. Fanút it noarden en westen oer de Noardsee troch de Ingelsen, fanút it suden troch de Frânsen en fanút it Easten troch de Dútsers, dizze lêste ûnder lieding fan de biskop fan Münster.
Herman libbet mei syn beppe op de Katlykster heide. Hy is fereale op Eke, de dochter fan boer Sjoerd Ales, mar syn frou Makke fynt him net goed genôch foar har dochter.
Herman warskôget de boer foar it kommende gefaar fan de Dútsers, dy’t al hast by de Bekhofskâns by Aldeberkeap binne. Herman mobilisearret it folk en sprekt harren ta, de spanning wurdt grutter. It boerefolk fan Katlyk en Mildaam meitsje harren op foar de striid. De froulju moatte nei in feiliger hinnekommen; de heide.
De fijân wurdt ferslein en der kin klonken wurde op de oerwinning. Herman wurdt huldige foar syn oanfierdersrol. Sels de grietman fan Skoaterlân, generaal van Aylva fan it leger fan de staten fan Fryslân en in baron komme der oan te pas.
Mar dan komt beppe op it toaniel en komt der dúdlikheid yn it Grutte Geheim fan de heide. Bliuwt Herman op de Katlykster heide of ……………….
Uteinlik hat de hûn Drift it lêste wurd.