Lok wat jouste

As Tsjalling en Janke op har doarp in kaffee begjinne rekkenje se der op dat har
herberch in húske-fan-hâldoan wurdt. Foar buorfrou Hindrikje har
sjongferiening is dat ek sa, mar krijt de rezjyseur fan de toanielklup it net oars yn
’t hier! En dan dy projektûntwikkelder mei syn frjemde ideeën, dy hâldt alhiel
gjin rekken mei oaren. Hoe sit it eins: besykje de ynwenners fan it doarp der mei
mekoar wat fan te meitsjen, of sitte se mekoar yn ‘e wei? ‘Lok wat jouste’ hat in
lichte toan, it is dus net in dreech stik.