Barkhorst

Jeroen van der Berg joech dit stik de ûndertitel: in turbo-realistysk kampingdrama yn tolve sênes. It is sawol tragysk as komysk; komysk troch de ferskriklik koarte dialogen en de persiflaazjes op hjoeddeiske jong-folwoeksen minsken.
Bert, in boeresoan, hat syn pleats ferkocht en wol syn libben op’e nij begjinne. Hy is fan doel in kamping te begjinnen yn Nederlân. Op fakânsje yn Spanje moetet hy Suzan, in reisliedster, dy’t ek genôch fan har baantsje hat.
Werom yn Nederlân sil Bert tegearre mei in gemeente-amtner it plan fan’e kamping útfiere. Dan stiet Suzan foar de doar: sy wol ek meiwurkje. Se leaut dat Bert de man foar har is. De amtner kin net oars as amtlik tinke, dus it sil lang duorje foardat de kamping der is. Wilens wit er Suzan te fersieren. It nije pear set Bert út syn eigen hús en nimt syn plan oer. Bert draait troch. Om syn libben mei Suzan werom te krijen wol er de amtner deasjitte. Op it stuit dat er sjit, sjit Suzan him del. Sy bliuwt allinne achter.