Durk Tabak

It stik beskriuwt it libbensferhaal fan Durk Tabak, muzykfreon fan Eije Wykstra. Harmoanikaspylder en sjonger Durk Tabak (1902) stuts yn 1930 by in kafeerûzje in man dea en bedarret yn de finzenis yn Ljouwert. Yn 1946 wurde hy wer frij man en kaam yn de kost by in gesin yn Stynsgea. Dat soe himsels en de frou fan it hûs úteinlik needlottich wurde. Op 16 septimber 1949 makket Durk oan it libben fan har beiden in ein.

Frjemde fûgels

Durk Brinksma is as sakeman net altyd mei syn tiid meigien.
It sit Durk noch altyd dwers dat syn soan neat fan it bedriuw witte wol en hy dus gjin opfolger hat.
Sa út en troch lit er dit wolris fiele oan syn skoandochter Gelske.
Sy helpt omtrint alle dagen yn it bedriuw en dat makket in soad goed.
Durk Brinksma is wat fan slach de lêste tiid. Saapke Hamstra, de wurkster, hat him al ris hifke mar Brinksma lit neat los. Hy is op gjin stikken nei de âlde mear, hy fertroud syn eigen skoandochter net iens mear. It liket wol dat hy mear mei frjemd op hat as mei eigen. Mar… der sitte frjemde fûgels tusken.
Of soe de leafde………? Durk is al jierren widner dus je witte it nea. Saapke soe grif gjin nee sizze

Twa

It stik spilet yn de taap fan in doarpsherberch earne op it Fryske plattelân. Ornaris is it in rêstich kafee mei gemiddeld sa’n seis, sân klanten. Drokte is der mei de jierlikse toanieljûn en fansels mei de merkedagen. Freed- en sneontejûn wurdt der oanstutsen troch de jongerein, dy’t nei tsienen syn heil fierderop siket. Mar der binne ek jûnen dat de doar om healwei tsienen op slot giet. Jûn is it lykwols ûnferwachts tige drok. It rint de kastlein en it kastleinske Klaas en Jantsje van der Zee-Sikkema suver wat oer de fûst.

Roorda

Yn in lang ynterview fertelde de Tynster kommunist Gerrit Roorda syn libbensferhaal oan Kerst Huisman. Parten fan dat ynterview, oernommen fan de oarspronklike bantsjes, foarmje de basis fan Roorda, in lokaasjefoarstelling yn it ramt fan Fryslân 2000. Roorda fertelt oer syn jongesjierren, syn wurk as timmerfeint, syn ûnderfiningen yn Amearika, syn bewûndering foar de Russyske revolúsje, syn eigen striid yn de gemeenteried en de provinsjale steaten fan Fryslân en syn leafde foar it toaniel en it sjongen. Wylst Roorda redenearret, docht syn frou Pytsje praktys oan solidaiteit: sy fersoarget de gasten en siedt iten foar in allinnesteande man.

De sterkste

Mefrou X moetet mefrou Y yn in kafee. Ut de monolooch (mefrou Y seit gjin wurd werom), docht bliken dat dizze mefrou Y eartiids in ferhâlding hie mei de man fan mefrou X. Eartiids wiene se freondinnen, mar hiel fyntjes en gemien wriuwt mefrou X mefrou Y de ‘feiten’ yn (of wat der foar troch gean moat): hoe lokkich sy hjoedendei wer is mei har man en hoe allinnich mefrou Y no wol net is.