De famylje Heidinga (heit, mem, soan, dochter) hat it dit wykein tige drok, omdat de seleksje fan SC. Hearrenfean op harren kamping in trainingskamp hâldt ûnder lieding fan de nije Italiaanske trainer Ravioli. Wy sjogge en hearre hoe’t der traind wurdt… en wat docht de nije haptonoom? Doping?
Kampingbaas Heidinga is drok dwaande mei de tarieding fan de feestjûn foar seleksje, bestjoer, sponsers en supporters. Dochter Klaske is fereale op Sybe Sytse, it Fryske talint yn de seleksje. Hja kin ek tige sjonge en sy sil meidwaan oan de Fryske “Idols” ferkiezing op ’e feestjûn.
Mar dan skrikt elts tige! Beropsfisker Pier fynt in jonge frou (Moniek, it model fan de keunstskilder Teake) yn syn ielfûke. Hja is fermoarde! Troch… Sjoerd (de soan)? …of in fuotballer?… in kampinggast?…of, de keunstskilder? (dy’t tichteby yn syn arke wennet)…. of Pier sels, (fereale op Moniek). En hokker rol spilet Pytsje Privee, de nei sensaasje sykjende sjoernalist?
Resjersjeur Donker ûntdekt nei treflik speurwurk it motyf en slacht de dieder yn in hektyske sêne yn ’e boeien.Dan kin de feestjûn begjinne!
Humor, sport, sensaasje, spanning, muzyk, leafde! Al dizze saken út it hjoeddeiske libben komme oan ’e oarder yn dit spektakelstik.