Susters yn saken

It kleaster fan mem oerste en de susters Agaath, Klara en Francisca sit yn jildpine. It sjocht der sels nei út dat meikoarten it kleaster fallyt gean sil. Aartsbiskop Siemelink, dy ’t elts jier in wike yn it kleaster komt om út te rêsten, is dan ek fan doel it kleaster te ferkeapjen. Der binne sels plannen om fan it kleaster in kasino te meitsjen en de susters earne oars te pleatsen. De bychtfaar en freon fan de susters, pastor Breukelmans, kin tsjin dizze snoade plannen neat ynbringe en grypt mar wer, stammerjend en al, nei de miswyn. Dan komt ynienen Guus Jongeneel, oftewol mynhear Bil van Building Investments Limitted. In bliere en kordate man dy ’t grutte plannen hat mei it kleaster.

Pater en non, wêr binne we oan begûn

Wat him yn in kleaster ôfspilet hat ornaris wat heiminnichs en bliuwt meastal efter de muorren. yn dit kleaster is te sjen dat ek dizze fromme leauwigen neat minsliks frjemd. De priorin reagearret as in diktator oer de nonnen en dat wurdt de lêste jierren al mar slimmer. Der moat hieltyd mar mear jild op ’t kleed komme en der moat fan moarns ier oant jûns let wurke wurde. Gjin wûnder dat de nonnen opstannich wurde en dat it sels ta in staken komt. De posysje fan Moeder Overste wurdt noch mear oantaast as der ek noch broeders by ynkomme. Beide partijen sykje steun fan hegerhân, mar wa hat de hjitste izers yn it fjoer en lûkt oan de langste ein????