En al dy meuk

It libbensferhaal fan in jonge frou dy ’t hiel wat meimakke hat. Der is eins net mear mei har om te gean. Ut it dakleazesintrum wei lit se ús sjen hoe ’t har libben ferrûn is en hoe ’t it kommen is dat se sa wurden is. Hoe ’t se mei har broer wie en hoe ’t har heit har misbrûkt hat en dat har mem dêr net tsjin op koe. Har ôfgryslik rûch en grof taalgebrûk hat se nedich om harsels steande te hâlden yn it libben.

Hamlet

De kening fan Denemarken is hommels ferstoarn syn broer Claudius trout gaueftich mei de widdo en nimt it plak fan syn broer op ‘e troan yn. Keninginne Gertrudes soan Hamlet komt no út Dútslân werom. Op in nacht sjocht hy de geast fan syn heit en heart fan him wat hy al tocht hie. Mei de winsk: “Wreekje dizze moard” ferdwynt de geast en dan begjint de eigentlike hanneling. Hamlet docht oft hy gek is en hopet achter dit masker de dieder makliker fine te kinnen. De âlde Polonius tinkt de waansin te ferklearjen troch in net beandere leafde fan Hamlet foar syn dochter Ophelia. Mar de kening is erchtinkend en lit syn neef troch Rosencranz en Guildenstern yn’e gaten hâlde. Tsjin de tearhertige Ophelia oer gedraacht Hamlet him mei opsetsin sa útdaagjend en ferfelend dat sy ek oan him begjint te twiveljen.
Dan komt der in ploech toanielspilers oan it hôf. Hamlet praat mei de spilers ôf dat sy in trageedzje spylje sille mei in ôfrin sa ’t de geast fan syn heit foarsein hat. Oan de reaksjes fan de keninklike taskôgers wol hy sjen kinne hoe ’t ien en oar him ôfspile hat.
Noch foar it slot fan ‘e foarstelling rekket Claudius hielendal fan ’t sintrum en set ôf. Hamlet twivelet no net mear, mar nimt noch gjin beslút. Wol ferwyt hy syn mem fan alles en stekt Polonius, dy ’t efter in gerdyn alles ôflústert, dea om ’t hy tinkt dat it Claudius is. Claudius wol no syn neef nei Ingelân stjoere mar Hamlet kriget troch dat men fan him ôf wol en hy komt werom.
Op it tsjerkhôf heart hy dat Ophelia der begroeven wurdt. Sy is yn grutte geastlike need it wetter ynrûn. Har broer Laertes daget Hamlet út ta in duel neidat hy syn wapen fergiftige hat. De kening sit ek yn it komplot. Hy doch fegif yn in beker dy ’t foar Hamlet klear stiet. Tidens it gefjocht drinkt de keninginne by fersin fan ‘e wyn en stjert. Laertes en Hamlet wurde beide troffen en stjerre nei ’t Hamlet ek Claudius deade hat.