Muoike spilet toaniel
Bankdirekteur Alfons de Wilde gokt graach. Dit rint lykwols mis, skulden rûnom.
De gangster wêr’t Alfons fan liend hat efterfolget him, hy wol gau syn sinten werom ha.
Dit lied ta komyske situaasjes en ferwikkelingen.

It gesin fan der Vlist is ryk; hja hawwe in lúks libben, sels mei in ynterieurfersoarchster, túnman en Annie’s boadskippen – en stryktsjinst. It is wol in hekstyske sfear; drok, drok, drok, is it motto. Dochter Sylvia soarget foar de nedige tsjingas; fja is meastal rêstich en ferspuit materialisme en geastlike leechheid, wylst heit en mem en soan harren dwaande hâlde mei jild fertsjinjen, drankpartijen besites en it keapjen fan lûks guod. Mar dan slacht it needlot ta; mefrou fan der Vlist wurdt slim oerspand. En hjirtroch wurdt it libben van de famylje folslein op è kop setten en wreed fersteurd. Het en mem groeie earst wat út elkoar, wylst letter it begryp foar elkoar sterker wurdt en de ûnderlinge bân sterker en bewuster wurdt. In modern blijspul, mei de nedige humor, wêryn swierrichheden nei foaren komme, dy’t de moderne minske yn dit jachtich libben no ienris regelmjittich tsjin komme sil.