Kraanfûgels…?

Yn in hotel, oan ‘e râne fan it bosk, stean twa tafels ree foar it moarnsiten. Oan de iene tafel sit in frou te wachtsjen op har man dy’t foar it moarnsiten oan ’t joggen is. Oan de oare tafel sit in man te wachtsjen op syn frou, dy’t nei de kapper is?
De betsjinster oan de tafel fan de frou suggerearret dat har man by syn ‘couling down’ grutte belangstelling foar de froulju hat. De ober oan de tafel fan de man suggerearret dat syn frou, wierskynlik mei grutte belangstelling stiet te sjen nei de mannen har ‘couling down’, wat liket op it balts gedrach fan de Kraanfûgels. Nei lang wachtsjen stappe de beide gasten op. It blykt dat se elkoar kenne. Se beslute om der tegearre in ûnferjitlike dei fan te meitsjen. Mar dat wie net de bedoeling fan de ober en de betsjinster, se bliuwe ferslein efter.

De tiid fan myn libben

Gerard is de gasthear op in feestmiel ter eare fan de jierdei fan syn frou Laura. De soannen en harren partners binne ek fan de partij. De sloppe en hitsige Willem, dy’t yn in houlikskrisis sitten hat en de artistyk oanleine Joost mei syn punk kapsterke.
Heit, mem en soannen mei de partners, ze ha allegearre ien mienskiplik ding: se slokke allegearre harren geloksmominten troch sûnder te priuwen. It ferhaal springt fan hjoed de dei hinne en wer nei it ferline.