Doña Rosita is frij faam

Yn it stille, dreamerige Granada, om de ieuwikseling hinne, wennet it jonge famke Rosita (of Roaske) by har omke en muoike, dy’t har mar graach wat ferpopkje. Har omke kweekt foar syn plesier seldsume roazen, lykas de ‘feroarlike roas’, dy’t mar ien dei bloeit. Blommen – en wat blommen te sizzen hawwe – spylje yn dit stik in belangrike rol. Lykas alle jonge famkes wol Rosita graach trouwe. Yn har neef hat se har ‘prins op it wite hynder’ fûn. Mar de neef moat fuort, nei de pleats fan syn heit yn Súd-Amerika. Rosita nimt har foar om op him te wachtsjen….
En wachtsjen docht se. Jier yn jier út, jierren lang, om einlings Doña Rosita – of mefrou Rosita – wurde te kinnen. It twadde bedriuw spilet tsien jier letter en it lêste nochris tsien jier letter. Hieltyd mear lûkt it ferlangen fan Rosita himsels werom yn it wachtsjen – oant se lang om let hast net mear oer strjitte doart. Al dy jierren fan wachtsjen gean úteinlik foarby as ien dei: as dy iene dei wêrop de ‘feroarlike roas’ bloeit en ferwylket – foar nimmen.
Kommintaar:
‘Doña Rosita’ is in romantyske komeedzje, bytiden drôvich, bytiden poëtysk, mar ek mei in soad iroany en humor. It ieuwige wachtsjen fan Rosita mei dan fergees wêze, mar it wurdt net feroardiele. Mei ‘Doña Rosita’ skipet Garcia Lorca ek in byld fan it Spanje fan begjin dizze ieu, dat him – lykas Rosita – weromlutsen hat yn in deadlike stilstân, mar dat yn dy stilstân ek moai en sinlik is. It wachtsjen en it langstme skerpje ús sintugen én ús gefoel foar ferganklikens mear as de fuortdalikse ferfolling fan ús ferlangens.

HB