In jûntsje fuort
Omdat Doreen har âlders in jûn nei in feest sille, hat se stiekem mei har freon Eric ôfpraat. Se wol heit en mem wol ta de doar útsjen. Alles wat mis rinne kin, rint mis. Kaartsjes binne fuort, ljedders yn hoazzen, auto’s dy’t net starte wolle ensf. As de âlders einliks ta de doar út binne, sille de jongelju daliks nei boppen. Dan giet de foardoar wer iepen en steane de âlders wer op’e stoepe.
It blykt dat de feestjûn in wike letter is…