De foto

Fotoos lit ús bylden sjen;
mominten út in ferline,
fêstlein foar in folgjend laach
sadat se nea ferdwine
Rûnom 1900 wie it in grut barren as de fotograaf ris del kaam yn in doarp. In elts kaam op syn peaskebêst nei de buorren ta om sa goed mooglik der op te kommen. De keunst wie fansels om foaroan te stean, dus der wie ek wolris praat fan wat dringerij en/of gekke bekkelûkerij. Troch de foto krijt men drekt alle ynwenners, mei harren eigenaardigheden, fan it doarpke yn byld; in wrâld yn it lyts siz mar. It libben spilet him ôf yn’t sintrum fan’t doarp, by de âldmannebank. Dat is it plak wer’t lju mekoar treffe, nijtsjes útwikselje, mei mekoar prate of krekt net. Koartkriemd: der bart it.
Yn it jier 1900 stiet der in nije ieuw foar de doar. De minsken binne benijd hokker feroarings der allegear plak fine sille, de fantasy slaat betiden foar bêst op. Hoe soe’t der yn it jier 2000 útsjen?