Weeshûs op stelten

Jacky, Tim, Hannah en Ingel wenje yn in weeshûs. Se hawwe gjin heit en mem mear. En hoewol dat fertrietlik is, hawwe se it hiel bot nei it sin by de direktrise miss Fluffy en har help Marie. Se hawwe in protte wille mei inoar, gean nei skoalle en krije alle dagen hearlik iten fan Marie. En miss Fluffy is sá leaf! It is in leafdefol plak, it weeshûs…

 

Mar dan op in dei begjint de ellinde. De eigener fan it weeshûs, mr. Pineapple, komt by miss Fluffy mei de meidieling dat hy, syn frou en harren soan Symon sels yn it weeshûs wenje wolle. Dat betsjut dat miss Fluffy, Marie en de bern derút moatte. Miss Fluffy skrikt bot fan it nijs. Wêr moatte se hinne? Se hawwe noch mar seis wiken om wat oars te finen!

 

Mar, sadree’t de famylje Pineapple yn it hûs lutsen is barre der frjemde dingen. Nachts spûket it! Mar spûken bestean dochs net? Of al?

 

It prielbêd

It ‘Prielbêd’ spilet him ôf yn ‘e sliepkeamer en it earste bedriuw begjint mei de houliksnacht. It twadde bedriuw spilet 10 jier letter en it tredde bedriuw nochris 5 jier letter.
Yn wêzen sjogge je yn dit stik it ferrin fan in houlik yn ‘e rin fan ‘e jierren. It begjint yn ‘e houliksnacht wêr ’t de man en de frou noch oan elkoar wenne moatte en o sa fereale binne.
Yn ‘e rin fan it stik komme ek de minder aardige kanten fan de minsken oan it ljocht en hoe ’t se troch ferskillende karakters út inoar groeie kinne. Lykwol se hâlde it meiinoar út
en oan ‘e ein fan it stik, as se werom sjogge op de ôfrûne jierren, komme se ta de konklúzje dat it allegear sa min noch net wie.

It testamint

In boer leit op syn stjerbêd. De dea (as in stim) siket him op en fertelt him dat it syn tiid is. De boer ferstjert. Krekt dyselde middeis soe hy syn testamint noch regelje, mar dêr is it no te let foar. De faam komt de sliepkeamer yn en sjocht dat de boer stoarn is. Sy ropt de feint. Om wis te wêzen fan it jild, spilet de feint de boer as de notaris komt. Sa krije se beide de helte fan it jild en de besittings fan de boer.

Om Eleonor

Trije suskes lizze op bêd. Se kinne net sliepe. Op in stuit beslút de âldste foar te lêzen út in boek. Se hat noch mar in pear sinnen lêzen of de famkes begjinne te fantasearjen oer wat se krekt lêzen ha. Se bringe inoar hieltyd op nije ideeën. Se geane deryn safier, dat de taskôger him úteinlik ôffreget of it no fantasy is of dat de famkes oer harren eigen libben fertelle.
It stik kin spile wurde foar en troch jongerein fanôf in jier of santjin.
NB Dizze Fryske ferzy is it earste (en grutste) part fan in bewurking troch it toanielselskip ‘Mug met de Gouden Tand’ fan in roman fan Virginia Woolf, ‘The years’.
By dit selskip lizze ek de rjochten.