De belle, de belle
As sportlearaar Jip Wiegant tinkt dat hy in goed idee hat, heart hy yn syn holle in beltsje rinkeljen. Hy docht dan in soarte Indianedûns en ropt: De Belle. De Belle. Yn dit blijspul docht hy dat faak. Hy kriget ommers mei faasje mei nuver problemen te krijen wêrfoar hy like nuvere oplossingen betinkt. Ta ûntsetting fan elkenien dy`t der by belutsen rekket. It earste probleem ûntstiet as Jip syn oansteande skoanheit, Neutje, yn in grêft springt, omdat hy tinkt dat hy troch syn strange dochter Myléne op dronkenskip betrape wurde sil. Jip en syn âlde skoalfreon Klo, in begjinnende psychoterapeut, nimme Neutje mei nei it hûs fan Klo om dêr drûge klean oan te lûken.
It toanielstik begjint as it span de sprekkeamer fan Klo ynkomt. Alle trije binne harren oant ferklaaien as Yvonne Meslier der ynkomt, de assistinte en ferloofde fan Klo. Sadree se Jip sjocht, wurdt se lilk. Sy en Jip binne ferloofd west. Sy hat de ferloving ferbrutsen, nei`t Jip har oerhelle hie ta in frijpartij yn in gymnastykseal wêr`t se troch Yvonne`s muoike betrape waarden. Sy tinkt dat Jip har noch altyd efterfolget en dat hy har mei in ferlechje oan Klo optwongen hat. Yn har lilkens smyt se Jip seis Sineeske komkes nei de holle. Neffens Klo binne dat kostbere stikken antyk dy`t hy fan syn mem lient hat. De skatte skea: tweintichtûzen euro. It slimste is dat Klo syn mem, Linda, de komkes meikoarten wer ophelje sil. Sy en Klo hawwe bargebiten. Se seit gjin wurd mear tsjin him. Jip fynt in oplossing foar it probleem. Hy hat fan Myléne tweintichtûzen euro krigen om harren houliksreis te beteljen. Dy lient hy oan Klo om oare komkes te keapjen. Syn houliksreis is pas oer trije moanne yn dizze tiid moat Klo as psychoterapeut sa`n bedrach wol fertsjinje kinne. Neutje seit dat hy de brutsen komkes wol reparearje sil mar Jip set syn plan troch. Neutje hat ek in idee; hy giet nei syn dochter, Myléne fertelle dat hy him troch Klo foar syn dronkenskip behannelje lit. Spitich blykt Jip syn plan yn it wetter te fallen as blykt dat Klo fan kjellens syn stim kwyt rekke is. Hy sil foar in lange tiid gjin pasjinten behannelje kinne. Mar wer hat Jip in oplossing: hy sil, mei masker, Klo syn plak ynnimme en de pasjinten neffens Klo syn skriftlike oanwizingen fan harren problemen ôf helpe. Wilens is Neutje syn nije freondinne oankommen: Linda ten Havezate, de mem fan Klo. Dat lêste wit nimmen, útsein Klo, mar dy kin net prate. Linda sels makket ek nimmen wizer en negearret Klo hielendal. De oare moarn behannelet Jip neffens plan Klo syn earste pasjint: in man dy`t tinkt dat hy in hûn is. Jip docht dat mei sukses, mar op sa`n frjemde wize dat hy der gjin jild foar kriget. De oare saneamde pasjint is Neutje. Jip moat krekt dwaan as of hy Neutje echt behannelet, want Myléne is mei har heit meikommen. Trochdat Jip him ferpraat, ûntmaskeret Myléne him al gau. Sy wurdt poerlilk, en lêst Jip it mannewaar op, mar soarget der ek foar dat Klo wer prate kin. No blykt ek dat Linda Klo syn mem is. Sels wurdt Myléne nuet makke troch Yvonne dy op it lêst dochs wer de kant fan Jip kiest. Linda ferteld dat de brutsen Sineeske komkes goedkeape neimakke antyk wiene en Myléne keapet echte antike Sineeske komkes foar fiif en tweintichtûzen euro. Linda helpt Neutje fan syn drankproblemen ôf. Klo en Myléne reitsje fereale op elkoar en Jip en Yvonne foarmje wer in spantsje. Op it lêst kriget Jip syn lêste bel idee; hy lit it doek ticht gean.
Problemen……..As Jip yn syn holle in beltsje rinkeljen heart, hat hy foar elk probleem in hiel bysûndere oplossing. Utsein foar de wurge kaken fan it publyk yn`e seal.