De miggeherberch
Doe’t âlde Sjouke ferstoar hat er syn hoteltsje De Miggeherberch neilitten oan syn nicht Fim. Hja hat grutte plannen mei de âld herberch. Fertimmerje en gasten oanlûke út Hollân. Hja kriget stipe fan in architekt, dy’t har graach helpe wol. Ek de boargemaster stiet folslein efter har. De ober dy’t by de ynventaris heart is bang dat er syn ûntslach kriget. In fêste gast fan ‘e herberch dy’t ek yn Sjouke syn testamint stiet, sil besykje him te helpjen om syn baan te hâlden. It blykt al ridlik gau, dat de bedoelings fan de architekt net alhiel suver binne. Dan komt in eardere freon fan Fim del. Hy sit yn jildpine en freget ûnderdak om’t de plysje efter him oansit. It is mei de sinteraasje fan syn saak wat út ‘e hân rûn. It blykt dat dizze freon mear fan ‘e architekt wit. Hy fertelt Fim dat de architekt net te betrouwen is. De architekt rekket de doar út en Fim beslút de herberch te litten sa’t dy is mei ynbegryp fan ‘e ober en Barend de stamgast wurdt setbaas yn âlde Sjouke syn Miggeherberch.
KOMMINTAAR:
De karakters binne oer ’t algemien goed útwurke. Allinne Fim bliuwt wat yn ‘e dize. As it stik wat modernisearre wurdt, is it hjoed de dei noch wol te spyljen. It gegeven, leafde, oplichtsje is fan alle tiden.
AJ