De kaaien fan Oranjestate
De kaaien fan Oranjestate is in hjoeddeiske komeedzje yn twa bedriuwen. It stik spilet yn en om it 5 stjerren hotel fan de famylje Heidinga. Mem, soan en dochter binne tige yn`t spier. Heit(Rapke), foarhinne kampingbaas past mei syn dwaan en litten(nimt bygelyks gauris in slokje) net hielendal yn dizze wrâld, en fynt it wol bêst dat in saneamde general-manager de lieding hat.
Mem(Wytske), hat op kursus west, en wit hokker taal jo sprekke moatte yn sa`n djoer hotel. Soan Sjoerd docht alle sportaktiviteiten, passend by de gasten. Hy jout les yn golven, tennisjen en hynsteriden. Dochter Klaske hat de lieding oer sauna en beautysalon.
Dit wykein is it tige drok.
Captains of industry en managers binne kommen om wat út te rêsten fansels, mar boppe-al om nei in lêzing, in show ,te harkjen en te sjen fan Rinse Ratelaar, de Fryske Emiel Ratelband.
Der binne ek in stik as wat ferneamde Hollanders mei problemen yn harren relaasje. Se binne te gast by Lize, de bêste relaasjeterapeut dy`t der yn Fryslân omrint.
En dan is Talpa ek gast yn Oranjestate. John de Mol mei syn ploech.
It giet dat it slydjaget, oant Pieter Privé de boel op stelten set.
Hy is in saneamde papparazzi-sjoernalist. Skriuwt foar Privé, Telegraaf en wurket ek mei oan Boulevard. Siket nei roddeltsjes makket stikem foto`s. Gjin see is him te heech. Ferklaait him gauris om sadwaande wat oan de weet te kommen. Leit bygelyks as travestyt by Klaske yn de beautysalon, en skopt,as strjittemuzikant, Lize har relaasjeterapy yn de war.
Njonken alle alteraasje, is in tige âld kistje de reade tried yn dit stik Nimmen kin it iepen krije. It is fûn doe`t it nije swimbad útgroeven waard. Út hokker ieu komt it kistje? Wat is it wurch en wat sit der yn? Gouden dukaten, tinke se. Dan wurdt it kistje stellen. Troch wa?
En wurdt it wat tusken Sjoerd en Lize, of hat Sjoerd noch te folle wyld hier.
De kaaien fan Oranjestate is in echte komeedzje, mei in golle laits, spektakel en spanning. Sa no en dan mei djipgong, en ek noch in besûnder stikje Fryske skiednis.
In komeedzje oer ús libben, de hjoeddeiske tiid, en wat der allegearre bart yn `e televyzjewrâld, wat der bart yn ús maatskippij.
Sân minsken. Sân prachtige rollen, wêr’t de fjouwer mannen en trije frouwen harren yn útlibje kinne!