De goate

“Pension de Goate” in opfanghûs foar dak- en thúsleazen hat 4 bewenners. Alle bewenners ha har eigen spesifike eftergrûn:
1. in oan legerwâl rekke akteur
2. in wat âlder hoerke
3. in “junk”, dy’t dakleazenkranten ferkeapet, mar eins graach skriuwer wêze woe
4. in swalkster, dy’t har besit yn in winkelkarke hat en in pop as har bern behandelt.
It pension wurdt laat troch Toos, in wat autoritêre frou mei in hert fan goud. Fan in frijwillichster, Pien, dy’t yn it pension wurket, docht letter bliken dat sy research docht foar in rol as swalkster yn in t.v. soap-searje.
Mei help fan it bestimmingsplan besiket de buert, yn’e persoan fan in buorfrou, it pension ta evakuaasje te twingen. Dan kriget Pien de rol yn de soapsearje. De bewenners krije elk in by har passende taak yn’e begelieding fan it nije talint: “Pension de Goate” wurdt “Impressariaat de Goate” en mei yn de buert bliuwe.

De geheimsinnige reis

“Harkje goed, dan sill’jim witte wat wy op’t programma ha. Wy woll’troch de romte sjitte hup, nei Mars of Pluto ta! Kilometers troch de loft as er no mar net ûntploft”.
Yn’e keamer fan in boufallich hûs hawwe twa jonges (mesjeu Pierre en Tsjipke) in romteskip boud. Se rinne der grutske omhinne en steane op it punt om yn te stappen. Der rint in famke yn’e hoeke fan’e keamer, stikem, de jonges fernimme har net, mei in fikse knal en in reekwolk komme se yn mearkelân. Troch it gedraai fan it famke binne de bern ferkeard en hiel lyts op in oar plak te lânwe kommen. Der belibje se allerhande avontûren.

Poppekast… Larjekoek?

Boargemaster is tige grutsk op it moaie, moderne plein yn syn plak: allinnich de poppekast derop misstiet, is net mear fan dizze tiid en moat nei de souder fan it gemeentehûs. Jan Klaasen en Katryn, dy’t dat heard hawwe, griist it oan, dat hja ferklaaie har as skoalbern en gean mei nei skoalle om yn’e mande mei de bern in plan út te fieren, dêr’t de “grutte minsken” in spegel yn foarhâlden wurdt om sa de boargemaster op oare gedachten te bringen. It seit himsels, dat dit merakels slagget.